Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Lân fan taal nei it DRONGO talenfestival.

It DRONGO talenfestival stiet foar de doar. Op freed 29 en sneon 30 septimber fan 10.00 oant 17.00 oere stiet it Beatrixgebou fan de Jaarbeurs yn Utert hielendal yn it ramt fan taal. Lân fan taal is dêr fansels by! Wy litte alfêst wat sjen fan de projekten dy’t wy ûntwikkelje foar oankommend jier, as wy mei Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa binne.

Wannear hasto taalplezier? Hasto ek wolris lêst fan taalfertriet of taalstress? Wêrom is der taal? En ferwaarleazgesto dyn taal wolris? Dit binne fragen wêr’t wy ús mei dwaande hâlde en wêroer wy graach mei dy yn petear gean tidens it DRONGO talenfestival. Do kinst ek op it plak sels meidwaan oan ús projekt DNALWD2018 – op syk nei in persoanlik taalbelibjen, dy’t einiget yn in reagearbuiske. Siart Smit (programmadirekteur) en Anne Graswinckel (edukaasje) jouwe in presintaasje mei de titel ‘Taal is belibjen, net edukaasje: oer de leafde foar en needsaak fan taal yn ús libben’. Us boadskip foar no is: kom foaral nei it festival en wês wolkom yn it Lân fan taal!

Neist it Lân fan taal-programma, stean der allegear aardige sesjes, nijsgjirrige lêzingen, útdaagjende ‘labs’ en aktuele debatten pland op it DRONGO talenfestival. Gean foar mear ynformaasje dêrom ek efkes nei harren webside.