Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Libbensgrutte projeksjes.

[PARSEBERJOCHT] – Yn 2018 is de Aldehou it dekôr foar libbensgrutte projeksjes. Fjouwer kear giet in multydissiplinêr, meartalich fideokeunstwurk yn premjêre. Lân fan taal, grut programmaûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa, hat dêrta opdracht jûn oan fjouwer ferskate kombinaasjes fan Fryske en oarstalige komponisten, taalkeunstners, muzikanten, filmers en fideokeunstners. Ûnder harren binne Herman van Veen, Rodaan Al Galidi en Tsead Bruinja. Troch op it plein krêftige projektoaren en speakers del te setten, wurdt elke projeksje in totaalbelibbing.


Roos van Geffen, artistyk adviseur Lân fan taal en kurator projeksjes: “Normaal is taal een 1-op-1 beleving tussen mensen. We maken met de projecties taal tastbaar – ja, zelfs onontkoombaar – voor een groot publiek. We omringen ze met beeld en geluid. Ik denk dat dat heel krachtig werkt. Zeker omdat we spannende en onverwachte combinaties van kunstenaars hebben gemaakt.”

Taalflarden
It earste fideokeunstwurk ‘Foarlopich lân / Voorlopig land’ giet op freed 2 febrewaris om 20.00 oere yn premjêre. Fan de tribune fan it nije taalpoadium Obe ôf en fierder op fan it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert is dan de mienskiplike produksje te sjen fan dichter Tsead Bruinja, sjonger /kabaretier Herman van Veen en byldzjend keunstner Jules van Hulst. Te sjen is in tydlik lânskip dêr’t de wyn flarden ferhaal yn bringt en personaazjes eksistinsjele fragen stelle. Van Veen skreau elektroanyske muzyk by de gedichten fan Bruinja en draacht teksten foar. Van Hulst makke in symboalyske en figurative byldkollaazje.

Tsjêbbe Hettinga 
Op freed 13 april is de premjêre fan it twadde fideokeunstwurk. ‘Weagen / Waves / Wellen’ giet oer muzyk as wichtichste taal, muzyk as poarte ta bylden, geuren en oantinkens. Sintraal stiet de konfrontaasje fan de Fryske gedichten en stim fan Tsjêbbe Hettinga en de Arabyske gedichten en stim fan Rodaan al Galidi. Ek komme Nederlânske, Dútske en Ingelske stimmen yn weagen by inoar, wêrtroch it in mear as meartalich keunstwurk is. Kinetophone en sjongeres Élénie Wagner sette de gedichten op muzyk, yn regy fan René Duursma. De gedichten likegoed as de muzyk roppe oantinkens op. Om dat fuort te sterkjen wurde bylden út it Frysk Filmargyf brûkt, yn in poëtyske animaasje fan Antonia Rehnen.

Dialooch mei de natuer 
Sjongeres/dichter Nynke Laverman, komponist/slachwurker Sytze Pruiksma en fideokeunstner Douwe Dijkstra (fan kollektyf 33 1/3) meitsje in poëtyske minyfilm oer de taal fan de minske fersus de taal fan de natuer. Wy kinne ús geweldich útdrukke, mar fersteane wy de natuer noch wol? Binne wy yn dialooch mei ús boarne? Laverman skriuwt yn it Frysk in nij liet en in nij gedicht, dy’t ôfwikseljend foarby komme yn dizze surrealistyske film oer in frou dy’t har stadich en letterlik  út de minskewrâld weromlûkt. It Frysk sil de konfrontaasje oangean mei in oare taal, nei alle gedachten it Spaansk. Premjêre: 27 july.

Keninkrykstalen
It fjirde en lêste fideokeunstwurk is te sjen fan 5 oktober ôf. Muzyk- en wurdkollektyf VANTA – besteande út sjongeres Amber Nijman, perkusjonist Vernon Chatlein en ‘spoken wurd’ artyst Juan-Carlos Goilo – dûke yn de fjouwer keninkrykstalen. Wat binne oerienkomsten yn de âldste skreaune gedichten út de ‘bovenwindse’ Karaïbyske eilannen (yn it ingelsk), de ‘benedenwindse’ Karaïbyske eilannen (Papiaments), Fryslân en Nederlân. VANTA wurdt foar de gelegenheid oanfolle mei in neier bekend te meitsjen artyst.

Festivals om premjêre
De projeksjes binne alle tongersdei- oant en mei sneintejûnen fergees te sjen, fan tongersdei 1 febrewaris (try-out) oant en mei snein 25 novimber 2018. De begjintiid is per perioade ferskillend, ôfhinklik fan it stuit dat de sinne ûndergiet. Yn alle premjêrewykeinen organisearje Lân fan taal en Explore the North yn Ljouwert in fergees tagonklik minyfestival. De earste edysje is fan 2 oant en mei 4 febrewaris. Op it programma ûnder oare: sprekbeurten op boaten en in keunst-taal-laboratoarium foar bern.

Oer Lân fan taal 
Lân fan taal rjochtet binnen Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 in frijsteat op foar alle talen fan de wrâld. Yn Lân fan taal wurdt de taal fierd mei tentoanstellingen, ynstallaasjes, ‘videomapping’, taalobjekten, festivals en in meartalich programma mei skriuwers, dichters en muzikanten. Yn it hert fan Lân fan taal, op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert, is spesjaal it earste taalpoadium fan Nederlân delset: Obe.

nijs |