Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Nij inisjatyf foar jonge skriuwers.

Meeuw Jonge Schrijvers is in nij inisjatyf fan Meeuw Jonge Theatermakers yn gearwurking mei Lân fan Taal/Explore the North. De ambysje is om in nije generaasje jonge skriuwers mei Fryske roots op te lieden. Op snein 1 oktober binne twa klassen úteinset mei dielnimmers dy’t om ’e fjijrtjin dagen les krije.

Jongerein tusken de 12 en 18 jier kriget les fan twa skriuwers dy’t koartlyn ôfstudearre binne oan de oplieding Writing for Performance oan de Hogeschool voor de Kunsten yn Utert: Yentl van Stokkum en Wessel de Vries. De lessen rjochtsje harren op it skriuwen learen fan teäterteksten, mar ek op proaza en poëzij. Op basis fan harren teksten meitsje de dielnimmers teatrale performances, dy’t programmearre wurde op ûnderskate festivals yn 2018.

Fiedingsboaiem
Hoewol’t der yn Fryslân in protte oandacht bestege wurdt oan taal, is der gjin platfoarm foar jongerein om him as skriuwer te ûntwikkeljen en te profilearjen. Dit projekt soarget derfoar dat der in rikere fiedingsboaiem ûntstiet foar skriuwtalint, dat op in profesjonele manier begelaat wurdt. De kombinaasje fan skriuwen en it bieden fan mooglikheden om it wurk yn in teatrale foarm te presintearjen is unyk. Dêrmei wurdt ynspile op de ûntwikkeling yn it fjild fan de keunsten, wêryn’t skriuwen en performen wat langer wat mear lykop rinne.

Iepen foar mear talint
Der is úteinset mei twa klassen mei jongeren fan de Jeugdteäterskoalle, mar it doel is om de skriuwoplieding breder op te setten en in gruttere groep jongerein te berikken. It is dêrom de yntinsje om mei yngong fan 2018 de lessen ek iepen te stellen foar jong skriuwtalint fan bûten de Jeugdteäterskoalle.

Meartalichheid
De jonge skriuwers binne foar it grutste part Frysk- en Nederlânsktalich. En fansels betsjinje jonge minsken anno 2017 harren fan it Ingelsk. Dielnimmers mei in oare kulturele en/of talige eftergrûn krije de romte om harren dêryn te uterjen: útgongspunt is dat meartalichheid breed ynterpretearre wurdt. Fysike taal, foarmjouwing en byldtaal binne foar de inisjatyfnimmers belangrike en mearsidige foarmen fan taal.

 

nijs |