Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Alve ekstra mienskipsprojekten Lân fan taal.

Yn de twadde subsydzjeperioade fan Lân fan taal binne alve meartalige mienskipsprojekten honorearre. Se wurde dêrmei opnommen yn it iepen programma fan Lân fan taal. Yn de ôfrûne perioade hawwe 25 projekten in oanfraach dien. Der binne sân gruttere projekten honorearre. Fjouwer lytse projekten krije in subsydzje.

Op de flechtelingenskoalle Master Amiko yn Snits leare flechtlingen mei help fan gebeartetaal kommunisearjen. Learlingen kinne sa hurder de Nederlânske taal leare. De fjouwertalige (Nederlânsk, Frysk, Liwwadders en Dútsk) literêr-teätrale kuier De Wuttelhaven del fertelt it ferhaal fan de oarlochsroman fan Steven H.P. de Jong. By it projekt Fier dyn Frije taal wurde op 14 skoallen yn Fryslân dichtwurkwinkels organisearre. Us Buorman yn Tallinn is in teaterprojekt fan Stichting HOMSK Theater dêr ‘t de ferhalen fan Friezen en mede-Europeanen sintraal stean. De foarstelling is te sjen op ferskate festivals yn de hiele provinsje. ‘De profylfoto fan Klaas’ is in muzikale teaterproduksje mei as beaken de tsjerketoer fan Wommels. Kliïnten fan Talant meitsje dizze foarstelling yn ‘e mande mei in Sweedsk koar, in muzykferiening en ferskate keunstners. It projekt Lûd bringt lûdkeunsters út de hiele wrâld nei it bosk fan Riis. Kunstkring Gaasterlân organisearret dizze eksposysje yn augustus en septimber 2018. Taal, lânskip en identiteit stiet sintraal by it projekt Moaie Plaatsys. Mei audiofisuele presintaasjes en in mobile fotostudio wurdt in tiidsdokumint fan it Bildt makke.

Yn de kategory lytse projekten hawwe fjouwer projekten in subsydzje krigen. Der wurdt in sympoasium oer it skriuwen yn it Stedsfrysk organisearre. It Jankfoddekoar Tuzen Triennen kriget in bydrage foar har jubileumtour. Ek in poëzijmiddei yn Balk en in taalsafari yn Ljouwert wurde opnaam yn it programma.

Nije subsydzjeperioade
Fan 4 oktober 2017 oant en mei 1 novimber 2017 kinne de inisjatyfnimmers fan mienskipsprojekten wer in oanfraach yntsjinje. Mei it subsydzje wol de provinsje Fryslân fernijende projekten op it mêd fan meartaligens, taal en/of it Frysk stimulearje. Elke keunstdisipline en elke lokaasje yn de provinsje is tastien.

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling

community-art |   nijs |