Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Fresku rapt yn Papiamentu yn nije projeksje Aldehou.

Op freed 5 oktober giet om 20.00 oere de fjirde fideoprojeksje fan Lân fan taal op ‘e Aldehou yn premjêre. De meartalige audiofisuele produksje draacht de titel ‘1954 – We zijn er bijna’ en is makke troch muzyk- en wurdkollektyf VANTA, nije media-kollektyf WERC en rapper Fresku. Sintraal steane it grutte tal talen út ús Keninkryk, dêrûnder neist Nederlânsk en Frysk it Sranang Tongo, Ingelsk en Papiamentu.

Yn ‘1954’ wurdt op grûn fan in spesifike histoaryske kontekst nei taal sjoen. Op 15 desimber 1954 tekene Keninginne Juliana it Statuut voor het Koninkrijk der Nederlanden. Suriname en de Nederlânske Antillen krigen dêrmei de status fan lân yn it Keninkryk. It karbrief wie in belofte om in lykweardige relaasje te ûntwikkeljen tusken wat earst oerhearsker en ûnderdrukte folken wiene. In lykweardige relaasje tusken minsken dy’t út op syn minst fiif ûnderskate talen wei de wrâld útlizze: Nederlânsk, Sranang Tongo (en wol tsien oare Surinaamske talen), Frysk, Papiamentu en Ingelsk.

Yn ‘1954’ rane âlde teksten fan de ûnderskate talen yninoar. Elke taal sjocht út in oar perspektyf wei nei de wrâld en brûkt  oare metafoaren en byldspraak. ‘1954’ stelt fragen oer de ôfrûne 60 jier. Wêrom binne der noch safolle misferstannen? Wêrom is it net slagge om yn de konstellaasje fan 1954 troch te gean mei gearwurkjen? Hokker macht skûlet der efter wurden?

Nij lûd, nije technyk
De fideoprojeksjes fan Lân fan taal, grut ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018, wurde hieltyd makke troch kombinaasjes fan wakker ûngelikense keunstners. Foar ‘1954’ wurkje VANTA, WERC en Fresku gear. VANTA bestiet út Vernon Chatlein (komponis/perkusjonist), Amber Nijman (sjongeres) en Juan-Carlos Goilo (spoken word artyst/teätermakker). It trio hat Karibyske woartels en mingt ritme, klank en wurden ta in nij lûd. Keunstnerskollektyf WERC út Grins bestiet út Joachim Rümke, Olav Huizer, Joachim de Vries en Jelle Valk. Karakteristyk is harren eksperimint mei nije media en technyk en harren fassinaasje foar de konneksje tusken de digitale en de fysike wrâld. Fresku, yn Eindhoven berne as Roy Michael Reymound, bruts yn 2008 troch. De bekende rapper is in echte ferhaleferteller, dy’t humor en iepenhertichheid kombinearret. Yn ‘1954’ sil hy foar it earst yn it Papiamentu rappe.

Alle artysten trede by de premjêre live op. Der is in râneprogramma om ‘e projeksje hinne en op sneon 6 oktober is der in festival, programmearre troch Explore the North. Alle aktiviteiten op 5 en 6 oktober binne fergees tagonklik.

Foto Fresku: Damion Thakoer

nijs |