Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
In soad aksje op dei fan de memmetaal.

Op woansdei 21 febrewaris fynt de ynternasjonale Dei fan de Memmetaal plak. Ferskate Lân fan taal-partners besteegje dêr oandacht oan. Boppedat is Obe ien fan de plakken dêr’t it Minority Safe Pack tekene wurde kin.

Op 21 febrewaris kin yn taalpoadium Obe, it provinsjehûs en op ferskillende Fryske skoallen it Minority Safe Pack tekene wurde. Dat ynternasjonale inisjatyf út 2017 om de wearde fan it ferskaat oan talen ûnder de oandacht te bringen fan politisy hat al 600.000 hantekeningen opsmiten. It stribjen: in miljoen hantekeningen. De aksje yn Fryslân is in gearwurking fan EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen), Mercator (it kennissintrum fan meartalichheid fan de Fryske Akademy) en de Rie fan de Fryske Beweging. Online tekenje kin alle dagen op: www.minority-safepack.eu

Start Friezen om utens 
By Omrop Fryslân stean op 21 febrewaris memmetalen sintraal. De omrop ûndersiket it oantal talen dat yn Fryslân sprutsen wurdt. Njonken memmetalen lykas it Biltsk, it Hylpers oft it Kollumers giet it ek om bûtenlânske (minderheids)talen. Harkers kinne dêrfoar in sin út it refrein fan it nûmer ‘Thús’ fan Iris Kroes ynsprekke op in spesjaal antwurdapparaat. Boppedat kinne se oan de redaksje sprekkers fan bysûndere talen trochjaan. De dei fan de memmetaal is ek de dei wêrop’t op Omropfryslan.nl de searje ‘Friezen om utens‘ start. De rige koarte filmkes, makke troch Miranda Werkman en ûnderdiel fan Lân fan taal, is fan 23 febrewaris ôf boppedat op telefyzje te sjen en fan 30 maart ôf yn Paviljoen Liwwadders yn de Prinsetún. Omropfryslan.nl/lanfantaal

Taal fan de Roma 
De ynternasjonale dei is dit jier foar de fiifde kear oanlieding foar EBLT en Slieker Film om in bysûndere film yn in minderheidstaal te fertoanen. Diskear giet it om de priiswinnende Roma-film Cigán! uit Slowakije. Foar dy film wurken regisseur Martin Sulik en produsint Rudolf Biermann moannenlang yntinsyf gear mei amateur-akteurs út in Roma-mienskip. Cigán! is op snein 25 febrewaris twa kear te sjen. By de fertoaning moarns wurdt de film ynlaat troch Roma-kenner Peter Jorna. Foar de filmfertoaning wurdt gearwurke mei Mercator. Sliekerfilm.nl

nijs |