Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Jonge skriuwers litte harren kenne as wiere wurdkeunstners!.

Skriuwe, skriuwe, skriuwe. Lân fan taal, Meeuw Jonge Theatermakers en Explore the North jouwe in oantal jonge, entûsjaste skriuwers de kâns om fan twa besiele dosinten alles te learen oer it meitsjen fan teaterteksten, proaza en poëzy.

De jonge skriuwers hawwe harren yn de earste lessen al kenne litte as wiere wurdkeustners. Njoggen besiele jonge skriuwers droegen ôfrûne snein yn it teater fan Meeuw harren eigen teksten foar. It publyk hold de siken yn en spatte dêrnei út yn in grut applaus. Tige goed!

“Ik werd echt uitgedaagd om dieper op mijn teksten in te gaan,” seit Roelof. In oare learling, de 13-jierige Djoeke, skreaun in gedicht: Plastic soep, ynspirearre op it wurk fan Ilja Leonard Pfeijffer. Wier? Pfeijffer? Dat is gjin kataai! “Ze hebben niet alleen veel geschreven, maar ook veel gelezen,” laket dosint Yentl van Stokkum, “en daar werden ze heel enthousiast van.”

De earste lessen hawwe fertuten dien. De earste stappen binne setten. En dizze skriuwers sette fansels troch! De folgjende lessen starte yn jannewaris. Der binne noch twa plakjes beskikber foar entûsjaste skriuwers yn de âldens fan 12 en 18 jier. Mear ynformaasje oer de lessen is te finen op: www.meeuw-jts.nl.

edukaasje |   nijs |