Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Lân fan taal: ek op skoalle!.

Lân fan taal is in fleurige optelsom fan talige lokaasjes en aktiviteiten, yn Ljouwert en dêrbûten. Wichtich ûnderdiel is in breed programma op skoallen. Ek takom skoaljier (’18 – ’19) is der in moai oanbod foar primêr en fuortset ûnderwiis.

Yn septimber komt der in opfolger fan de Taal-Kit: in ferdwaalboek oer ferhalen. It is in foarpriuwke fan ferhalenprojekt ‘Verhalenvuur’ yn de hjerst, mei en troch skoallen. Lân fan taal en Kek2/Keunstwurk hawwe ek it I-Lab ûntwikkele, wêrmei’st meardere dagen op skoalle mei taal eksperimintearje kinst. Sjoch ek it VONK! FONK! boekje dat yn maaie op de skoallen verspraat is.

‘Vertellus wie je bent’
Fryske basisskoallen hawwe kar-út op ‘e webside Kultuerfilter fan KEK2/ Keunstwurk, partner fan Lân fan taal. Foar groep 3/4/5 is de fertelfoarstelling ‘Praat me er niet van’, fol taalgaos en moed. Harro van Lien fertelt dêryn in fiktyf ferhaal oer it ûntstean fan de Fryske taal. Yn ‘Vertellus wie je bent’ (in fersy foar groepen 1 o/m 4 en ien foar 5 o/m 8) fertelt Erik van Dort ferhalen mei syn stim, mei muzyk, mei wurden, mei syn hiele wêzen. Ek fan herte oanrekommandearre: ‘Polle de orgeljongen’ (groep 3/4/5) nei it boek fan Mensje van Keulen mei deselde namme. Troch ferteller Frank Belt en oargelist Eeuwe Zijlstra!

Bytsje gek
Foar de basisskoallen yn Ljouwert is der in wiidweidich Lân fan taal-oanbod beskikber fia Schoolkade. Sa is der foar groep 1/2 in programma oer dûns/lichemstaal, komt Tresoar graach nei groep 3/4 mei ‘Poëziefantasie’ en is der foar groep 7/8 de bytsje gekke Tryater-foarstelling ‘Karawane’ (foto).

Workshops op mjitte
Fansels binne skoallen ek mear as wolkom yn Obe en de Taletún! Foar it fuortset ûnderwiis wurde programma’s op mjitte makke. Learlingen leare yn workshops (op skoalle of yn Lân fan taal Ljouwert) fan alles oer dûns-, strjit-, teäter- en byldtaal. Ek ûntdekke se dat alle talen telle.

Mear ynformaasje opfreegje

nijs |