Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Lân fan taal en KEK2 presintearje Taal-Kit.

Tegearre mei Kultueredukaasje mei Kwaliteit 2 (KEK2) presintearren wy op 7 desimber yn Teater Snits de Taal-Kit. Alle basisskoallen yn Fryslân krije dizze moanne de meartalige kit. De feestlike presintaasje is wer in stap fierder op it mêd fan kultueredukaasje foar de provinsje Fryslân.

Keunst-, kultuer- en taaledukaasje treffe inoar yn de gearwurking tusken Lân fan Taal en KEK2. De gearwurking waard fierd yn ‘e mande mei dosinten, skoaldirekteuren, partners en beliedsmakkers. Hja krigen in foarpriuwke op it Kunst-Taal-Laboratorium. Ûnder lieding fan taallaboranten waard ûnderfûn hoe motivearjend it wêze kin om te eksperimintearjen mei taal, keunst en kultuer yn it ûnderwiis.

Ynhâld Taal-Kit
De Taal-Kit bestiet út in ynspirearjend magazine, it boek ‘De kunst van het Verdwalen’ (Anne Graswinckel & Jeffrey Deelman, 2017) en taalsnypsnaren. De doaze sit fol prikeljende opdrachten dy’t de fantasy stimulearje. Dy opdrachten ynspirearje learkrêften om mei bern te ûndersykjen en kreëarjen. De Taal-Kit wurdt yn desimber en jannewaris ferspraat op de Fryske basisskoallen.

Taalûnderwiis
Mei de Taal-Kit wolle wy it besteande learplan op skoallen ferrykje. De Taal-Kit soarget foar in nije wize fan tinken oer taalûnderwiis. Mei de ynstruminten út de Taal-Kit kinne skoallen it taalûnderwiis stal jaan.

Foto’s: Lucas Kemper
Alle foto’s: Facebook Album