Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Obe bliuwend poadium foar taal en literatuer.

[PARSEBERJOCHT] Taalbelibbingssintrum Obe is woansdeitemidje 6 desimber oerdroegen oan de Stichting Behear Provinsjale en Buma Biblioteek Fryslân. Dêrmei is wis dat Obe ek nei 2018 in wichtich kultureel sintrum bliuwt. 

It gebou is no noch yn oanbou op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Yn 2018 is Obe yn gebrûk as eksposysjeromte en besikerssintrum fan Lân fan Taal. Lân fan Taal makket diel út fan Leeuwarden-Fryslân 2018.

Deputearre kultuer, taal en media Sietske Poepjes: ‘Wy binne bliid dat we in sterke partner fûn ha dy’t der foar soarget dat Obe ek yn de takomst skitterje sil op sa’n wichtich plak yn Ljouwert en Fryslân.’

Oerienkomst
Provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar de bou fan Obe. De stichting nimt nei oplevering fan it gebou fan it behear en ûnderhâld foar har rekken. Beide partijen hawwe hjoed in hantekening setten ûnder de oerienkomst.

Tresoar
De stichting is ek behearder fan it gebou fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar. Tresoar wurdt de eksploitant fan Obe. Fan 2019 sil Tresoar mei wikseljende programmearring en fernijende eksposysjes de rykdom fan taal yn Obe sjen litte. De foarsitter fan de stichting is bliid mei de oerdracht. Marchienes Geersing: ‘De oername fan Obe is in ferriking fan de kulturele ynfrastruktuer yn Ljouwert en Fryslân. Wy sjogge der nei út om mei ús partners in moaie programmearring op it mêd fan meartaligens oan te bieden.’

Lân fan Taal
De feestlike iepening fan Obe stiet pland foar 2 febrewaris 2018 . Dat is ek it start- en iepeningsmomint fan oare ûnderdielen fan Lân fan Taal.