Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Op taaltoer troch Ljouwert.

Taalleafhawwers kinne fan tongersdei 16 novimber ôf alle tredde tongersdeis fan de moanne yn Ljouwert harren gerak krije. Lân fan taal en Explore the North organisearje dan de Taaltoer: in tocht-mei-gids fan twa oeren troch Ljouwert, dy’t yn it teken stiet fan in spesifyk taalfenomeen. Op 16 novimber stiet it sosjolekt sintraal: de taal dy’t in groep typearret.

Gids is Marein van Wifferen. Hy wachtet de maksimaal tweintich dielnimmers yn it Stedskantoar op. Dêr docht Henk Jansen, amtner mei taalwille, in doekje iepen oer amtnerstaal. It folgjende stopplak is Smartphones Plaza, dêr’t skriuwer Martin Rombouts fertelt oer taal op social media. De Taaltour einiget by de Blokhúspoarte. By it ien nei lêste stopplak stappe de dielnimmers oan board fan it skip de Eestroom dat dêr foar de wâl leit. It plak dêr’t dy deis de Alfabetprojekt-útstalling fan de moanne iepene wurdt. It projekt draait om de 21 letters fan it Fryske alfabet, dêr’t 21 keunstners in artistike draai oan jûn hawwe. De toer einiget yn Proefverlof, dêr’t de dielnimmers ûnder it geniet fan in slokje in koarte lêzing oer it fenomeen sosjolekt krije.

De Taaltoer duorret fan 19.00 oant 21.00 oere. Dielnimmen is fergees, mar oanmelde (fia Facebook) is ferplichte yn ferbân mei de beheinde kapasiteit.  * update: dizze taaltoer is fol!

nijs |