Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei nijs mei trefwurd 
Premjêre 3e projeksje op Aldehou mei Nynke Laverman.

[PARSEBERJOCHT – Ljouwert, 11 july 2018] – Op freed 27 july giet de tredde Lân fan taal-projeksje op de Aldehou yn premjêre. It is de poëtyske koarte film One of Us, makke troch sjongeres/dichter Nynke Laverman, filmmakker Douwe Dijkstra en komponist/slachwurker Sytze Pruiksma. Mei meiwurking fan Katalaansk dichter Eduard Escoffet, Flaamsk akteur Hendrik Aerts en Servysk-Nederlânsk dûnseres Dunja Jocic is it in ynternasjonale en meartalige produksje mei gâns ûnthjit.

Prate wy de taal fan de natuer noch? Of hawwe wy ús ûnderwilens safier weromlutsen yn ús minskewrâld dat wy har net mear fersteane? Dy fraach, dy’t ek al de kearn foarme fan Nynke Laverman’s lêste foarstelling Wachter,  is it útgongspunt fan de film. Yn One of Us is in jonge frou dy’t op it each alles hat – in libben yn ‘e grutte stêd mei in goede baan en in leave man – net lokkich. Se fielt har hieltyd minder thús yn de wrâld fan minsken en muorren. Se dreamt fan in bestean as plant, dêr’t se op in goede dei ek werklik yn feroaret. Nynke Laverman skreau it skript, in surrealistysk ferhaal besteande út fiif ‘spoken word’ stikken yn it Frysk; in nije stap yn har wurk. Se frege de dichter Eduard Escoffet út Barcelona dêr yn syn memmetaal, it Katalaansk, op te reagearjen. Douwe Dijkstra makke de film yn in miks fan animaasje, film en visual effects. Sytze Pruiksma tekene foar de driuwende muzikale skoare.

Premjêredei mei foar- en neiprogramma
De film giet op freed 27 july om 22.45 oere yn premjêre. Op dy jûn jout Douwe Dijkstra om 20.00 oere in masterclass yn Slieker Film. Hy lit mei making-of materiaal en earder wurk sjen wat syn unike manier fan films meitsje is. De oanwêzigen krije sa ek in byld fan hoe’t One of Us makke is. Om 21.30 oere begjint in foarprogramma yn Obe. Marijke Roskam ynterviewt Nynke Laverman en Sytze Pruiksma. As ekstra gast oan tafel skoot Eva Meijer oan. Sy is filosofe en skriuwster fan ûnder oare ‘Het Vogelhuis’. De petearen wurde mikst mei live performances troch Nynke, Sytze en Eduard Escoffet. Nei de projeksje ( 22.45-23.00 oere) is der in afterparty mei DJ yn Obe. Alle ûnderdielen binne fergees tagonklik. Foar de masterclass yn Slieker is oanmelden needsaaklik [meld dy hjir oan foar de Masterclass fan Douwe Dijkstra].

  • 20.00-21.00 oere Masterclass Douwe Dijkstra yn Slieker Film
  • 21.30-22.30 oere Ynterview troch Marijke Roskam met Nynke Laverman, Sytze Pruiksma en Eva Meijer + optredens in Obe
  • 22.45-23.00 oere Premjêre One of Us op de Aldehau
  • 23.15 oere Afterparty mei DJ Klap yn Obe


Draaiperioade
One of Us is fan 27 july oant en mei 30 septimber alle wiken fan fan tongersdei- oant en mei sneintejûn te sjen op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert (útsein 9 oant en mei 12 augustus en 6 septimber). Oanfang july en augustus: 22.45 oere, oanfang septimber: 22.00 oere.

Mear ynformaasje

nijs |