Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Oprop oan dichters, skriuwers, taalkeunstners, muzikanten en performers!.

Kom en treed op op it Noordelijk Film Festival mei unyk byldmateriaal! De noardlike filmargiven en Lân fan taal sykje performers út Grins, Drinthe en Fryslân dy’t harren foar in optreden op it Noordelijk Film Festival útdage litte troch bysûnder filmmateriaal út de noardelike filmargiven. 

Lit dy ynspirearje troch historyske filmbylden!
Wy nûgje dy graach út om yn de kolleksjes fan it Fries Film Archief, Drents Audiovisueel Archief (DAVA) of Groninger Archieven (GAVA) te dûken en in koarte live performance ta te rieden mei gebrûk fan dyn favorite bylden. Poëzy, soundtrack, kabarateske speech, jamsessy, in nij nûmer foar dyn band? Betink it mar!

Nijsgjirrich?
Skriuw dyn idee foar in performance op in A4 en mail dit tegearre mei in koarte CV fan dyn artistike wurk foar 20 septimber nei: info@friesfilmarchief.nl

Fergoeding en sjuery
De projekten dy’t selektearre binne krije in fergoeding fan 300 euro foar de performance. In sjuery dy’t bestiet út Siart Smit (projektlieder Lân fan taal) en de koördinatoaren fan de trije noardlike filmargiven (Jan Ensing, René Duursma en Syds Wiersma) meitsje in kar út de ynstjoerde ideeën.

Wannear
It evenemint fynt plak op it Noordelijk Film Festival, op sneontemiddei 10 novimber yn it Neushoorn Café.

nijs |