Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Premjêre projeksje #2 & Taletúnfestival.

Op freed 13 april giet om 22.00 oere de twadde libbensgrutte projeksje op de Aldehou yn premjêre: ‘Weagen / Waves / Wellen’, wêryn wurk fan Tsjêbbe Hettinga meartalich kombinearre wurdt mei âlde filmbylden. Makke troch produsint/muzikant René Duursma, skriuwer/dichter Rodaan al Galidi en animator Antonia Rehnen.

De premjêre is de perfekte oanlieding foar in wykein lang Taletúnfestival, dat útein set op freedtemiddei om 16.00 oere. Mei û.o. de Relaxerette, in fantastysk apparaat mei hingmatten wêryn’t je efkes fuortsweve kinne. De jonge skriuwers fan Meeuw Jonge Schrijvers ‘befjochtsje’ inoar en ferrasse dy mei gloednije teksten. Fierder komt der ûnder mear in moai taalprogramma yn MeM, bouwe wy in feestje yn Obe en draaie der films yn in skip. Alles is fergees tagonklik!

Mear ynformaasje oer it folsleine programma is hjir te finen.
Tsjek ek yn by it Facebook Evenemint foar updates.

 

In earste greep út it programma:

Relaxerette (6+)
De Relaxerette is in rûndraaiende ynstallaasje dy’t dy meifiert nei in oar perspektyf. Nim plak yn in hingmatte, set de koptelefoan op en slút dyn eagen. Harkje nei ferhalen en lûden dy’t dyn tinzen foar efkes stilsette. Kies foar de twirrige wurdestream fan Marc van der Holst, de mankelikens fan Marieke Lucas Rijneveld of foar ien fan de oare ferhalen, skreaun troch Jamila Faber, Heksenhamer en Pieter van der Sman. Jolle Roelofs makke spesjaal foar de Relaxerette in ‘soundscape’ dy’t je efkes ûntsnappe lit. De Relaxerette wurdt presintearre troch Arjan Kruidhof, Lân fan taal en Explore the North.

Meeuw Jonge Schrijvers
De skriuwers fan Meeuw Jonge Schrijvers ferrasse dy mei gloednije teksten. Op freed duellearje de dichters mei inoar by de Poetry Slam, ûnder lieding fan NK-poetryslamkampioen Daniël Vis. Sneon litte se sjen dat se ek foar toaniel skriuwe kinne, mei trije oerdonderjende ienakters. De stikken wurde spile en regissearre troch profesjonele teatermakkers. Wy hawwe dêrnjonken mei de jonge skriuwers in petear oer it proses fan it meitsjen. Wat hat har ynspirearre en wêr moat je allegearre rekken mei hâlde by it skriuwen fan in goeie monolooch of dialooch?

nijs |