Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Programma Minyfestival kompleet. […] Sjoch foar it programma by Lân fan Taal […]

Op freed 5 oktober giet de 4e en lêste projeksje op de Aldehou yn premjêre. Om dit te fieren organisearje Lân fan taal en Explore the North in minyfestival op 5 en 6 oktober. Besjoch no it fergees tagonklike programma!

By de premjêre trede de makkers fan de projeksje – VANTA,  WERC en Fresku – live op. Nei ôfrin is der in afterparty yn Obe. VANTA wurdt ynterviewd troch skriuwster Dorothy Blokland. De Karibyske band út Amsterdam treedt dêrnjonken ôfwikseljend mei spoken word-artysten fan Poetry Circle op. It bliuwt swingend mei dj Alex Figueira dy’t platen út Afrika, Latynsk-Amearika en it Karibysk gebiet draait.

Op sneontemiddei en -jûn 6 oktober stean der mar leafst njoggen fergees tagonklike foarstellingen en optredens op it programma. Lokaasjes: Obe en Menniste Tsjerke, Ljouwert. Fan ‘work in progress’ fan Meeuw Jonge Schrijvers, fia Fryske poëzy, oant de Ljouwerter premjêre fan de persoanlike musikus-ferhalen yn ‘Solo’.

Besjoch hjir alle details 
Blêdzje online troch de folder
Programmafolder Minifestival (download)