Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
8ste dei. Moaie dei.

Yn Ljouwert wurdt in ûnbidich grutte ‘Goldbergmasine’ boud dy’t syn wjergea net hat: in enerzjike kettingreaksje fan ynstallaasjes en minsklike akjses. Dy slingeret as yn 8-foarmige rûte troch de stêd. En do kinst dêr as ynwenner of as besiker aktyf oan bydrage!

Op 8 july 2018 stiet de binnenstêd fan Ljouwert fan fan 13.00 oant 18.00 oere fleurich op syn kop. As yn it dekôr fan in grutte filmset foarmje bouwurken, muzyk, teater, dûns, spraak, sport en film mei-inoar in megakettingreaksje. Alles kin en mei.

As belangrike prelude hat 8ste dei yn gearwurking mei Lân fan taal tidens de iepening fan de kulturele haadstêd in enoarme ‘flústerline’ boud, dy’t syn oarsprong hat yn it al tige âlde spul wêrby’t in sin hieltyd wer fan de ien nei de oar trochflústere wurdt. By de 8ste dei-fariant hearst as publyk net allinnich de begjin- en einsin, mar ek de transformaasje dêrtuskenyn! Dêr is in prachtige film fan makke, ‘De Fluisterlijn’, dy’t no trochgeand te sjen is yn de iepenbiere toiletten fan Obe en online.

De 8ste dei kin net sûnder de mienskip. Alle skeakels yn ‘e keatlingreaksje op 8 july binne al kompleet, mar de organisaasje siket noch frijwilligers om alles yn goede banen te lieden. Dêrneist is elk fan herte wolkom om mei te bouwen op de saneamde frije bousônes. Dêr sille goldbergmasinen boud wurde dy’t in wichtige rol spylje yn de keatlingreaksjes. Benijd? Hjir lêst mear. Do wolst ommers aanst ek sizze kinne: “Ik wie derby, ik die mei en it gie oer my!” Wolsto meidwaan? Nim dan kontakt op fia info@8stedag.nl.

Wêr
De binnenstêd fan Ljouwert

Wannear
snein 8 july 2018

www.8stedag.nl

Foto’s ‘De Fluisterlijn’ op de toiletten fan Obe / Marc de Fotograaf