Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
As taal gjin feestje is.

Taal is prachtich, mar net foar elkenien. Foar minsken mei in taalûntwikkelingssteuring (Taalontwikkelingsstoornis / TOS) is taal faak gjin feest. Bern mei TOS hawwe in soad muoite mei it praten en mei it learen en begripen fan taal. Yn har harsens wurdt taal minder goed ferwurke. Dat soarget foar efterstannen en frustraasjes.


Yn in klasse of groep fan tweintich bern, hat – statistysk sjoen – ien bern TOS. Wat earder oftst dat opmerkst, wat suksesfoller de behanneling is. Dêrom freegje soarch- en ûnderwiisorganisaasjes Pento,  Kentalis en Hanzehogeschool Grins yn it bysûndere jier 2018 ekstra oandacht foar – it foar faak ûnsichtbere – TOS.

Op freedtemiddei 21 septimber fynt it sympoasium ‘TOS: als taal geen feestje is’ plak, foar professionals yn it soarch- en ûnderwiiswurkfjild. Ek yn de wike nei it sympoasium wurdt spesjaal omtinken bestege oan TOS, mei aktiviteiten foar âlden en bern.


Wêr & Wannear

21 septimber 2018: sympoasium in Stadsschouwburg De Harmonie
22 t/m 28 septimber 2018: aktiviteiten yn Talenpaviljoen MeM

Partners
Pento Audiologisch Centrum Friesland, Koninklijke Kentalis en Hanzehogeschool Groningen

www.pento.nl en www.kentalis.nl