Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
OBE – Besikerssintrum Lân fan taal. Dat wurdt moai!Dat vind ik ook

In gloednij gebou foarmet de tagong ta Lân fan taal: OBE. Do krijst dêr it wolkom taroppen as nije ‘ynwenner’ en kinst fuortdaliks (boartlik) oan it wurk mei taal. Belibje de keunstynstallaasje fan Tim Etchells en ûntdek wat der fierder allegearre te dwaan is!

Op it Âldehoustertsjerkhôf, it hert fan it Lân fan taal, komt in nij en permanint gebou te stean. Powerhouse Company hat dat ‘taalbelibbingssintrum’ ûntwurpen. It ûntwerp fan it Rotterdamse arsjitekteburo waard yn de simmer fan 2016 troch in saakkundige sjuery ûnder lieding fan ryksboumaster Floris Alkemade út seis útstellen keazen.

Yn it gebou is yn 2018 net allinne it ynteraktive besikerssintrum ûnderbrocht, mar ek de keunstynstallaasje fan Tim Etchells. Oan de bûtenkant is in permaninte tribune dêr’st op sitte kinst by festivals en eveneminten.

Folgje de bou fan OBE
Fia dizze webcam fan Tresoar kinst de bou fan OBE ‘live’ folgje. Wy folgje it proses sels ek op de foet mei in reeks fan alve koarte filmkes, makke troch Eduard Rekker & Johannes Keekstra. De filmkes kinst besjen op ús YouTube-kanaal.

Wêr
Âldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

Wannear
Fan novimber 2017 ôf

Partners
Gemeente Ljouwert, Stichting Samenwerkende Bouwbedrijven yn Fryslân en Stichting Bouwcultuurfonds Fryslân

Foto: skets ûntwerp Powerhouse

  • 2 Febrewaris 2018 Freed
    Offisjele iepening OBE
    Heer Ivostraatje 1, Leeuwarden, Nederland