Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Boekeman.

Boekeman strykt as sirkus yn in klasse, doarp, wyk of op in festival del. By dit meartalige projekt ûndersykje wy (oan de hân fan tema’s en mei keunst as basis) hoe’t eigen ferhalen in brêge nei literatuer foarmje kinne. Sintraal stiet it respekt foar en it ûntsluten fan de memmetaal fan elk. It resultaat: in lange line fan kreatyf skriuwen foar jong en âld, mei beheinde taalfeardigens en heechbejeftige, nijkommer en âld rôt!