Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
De binnentún fan de Fryske Akademy.

Yn de – gewoanlik sletten – binnentún fan de Fryske Akademy bloeie moaie taalinisjativen. Do kinst hjir kilometers Fryske wurden sponsorje litte. En fan oarsprong Fryske bisten fine, of yn elts gefal hearre hoe’t sy yn ús taal krûpt binne. Ek kampearje hjir al dy talen dy’t yn Ljouwert sprutsen wurden en ûntdeksto wat (âlde) kaarten fertelle!

Frysk Hânwurdboeklêze
Yn de tún fan de Fryske Akademy sil it it folsleine Frysk Hânwurdboek foarlêzen wurde. Besikers meie spontaan mei dwaan, mar minsken kinne har ek opjaan. De foarlêsmaraton wurdt keppele oan in goed doel. Dielnimmers kinne harren sponsorje litte. Troch it yntegraal foarlêzen fan it wurdboek ûntstean nijsgjirrige nije ynsichten, komme bysûndere en ferjitten wurden oan it ljocht en is der omtinken foar de Fryske taal.

Bistetaal
Jorieke Savelkouls sil in tal fan lêzings jaan oer fan âldsher Fryske bisten en taal dy’t mei bisten anneks is. Ek sil it gean oer hoe’t bisten mei-inoar en mei minsken kommunisearje. Yn de simmer sil Savelkouls lêzings jaan oer it Fryske hynder: oer de ynfloed fan de agraryske mienskip op it sprutsene Frysk, mar ek oer de diskusjes dy’t fierd waarden oer it ideale Fryske hynder.

Dichtwedstriid
Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 skriuwt de Fryske Akademy in dichtwedstriid út. De gedichten meie gean oer de Fryske Akademy, oer harren meiwurkers, wittenskippers, útstrieling, oer wat de Fryske Akademy docht en watst noch mear betinke kinst. Om’t LF2018 ek om Fryslân giet, meie der ek gedichten ynstjoerd wurde dy’t dêr oer geane. De tsien moaiste, aardichste, grappichste gedichten wurde útkeazen troch in sjuery en komme yn in tinte yn de binnentún fan de Fryske Akademy te hingjen, as ûnderdiel fan in permaninte tentoanstelling yn de simmer fan 2018. Yn maart 2018 wurdt in kar makke út de ynstjoerde gedichten. Der wurdt ien haadpriis útrikt (dinerbon fan 100 euro) en twa twadde prizen (VVV-cadeaubon fan 50 euro).

Ferhalefertellers út Ljouwert
Allinnich al yn Ljouwert wurde mear as 60 talen sprutsen. Yn de tinte yn de tún fan de Fryske Akademy komme skermen te stean dêr’t sprekkers fan ferskate Europeeske regionale talen op te sjen binne dy’t yn har eigen taal in ferhaal fertelle. Priuw sa it rike taalferskaat dat de Kulturele Haadstêd 2018 te bieden hat!

Fryslân yn kaarten
Skiednis hoecht net altyd skreaune tekst te wêzen, ek út bylden kinne je in soad – ek talige – ynformaasje helje. Yn de Akademytún sille (âlde) kaarten fan Fryslân toand wurde. It giet om in eksposysje fan kaarten dy’t in nijsgjirrich ferhaal fertelle oer Fryslân. Se jouwe in oersjoch fan it ûndersyk dat oan ‘e Fryske Akademy dien wurdt.

Wêr
Fryske Akademy

Wannear
april 2018