Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
De Talekaravaan.

Yn 2018 lûkt it reizgjende festival de Talekaravaan troch Fryslân. Dêrmei slút Lân fan taal oan by besteande festivals en eveneminten en fersterket dy mei in ryk, talich (muzyk)programma!

It programma is in maskelyn fan byldzjende keunst, teäter, muzyk, film en literatuer. As besiker kinsto boppedat aktyf meidwaan. De Talekaravaan is hieltyd yn beweging en past him, lykas de echte trûbadoer, oan de omjouwing oan. De see, oerâlde boarne fan ynspiraasje, is tidens de tocht hieltyd wer de floeibere basis foar nij wurk en eksperimint. Yn Harns en Dokkum wurdt dat wol hiel letterlik nommen mei it spesjale programma-ûnderdiel The Sea! The Sea!

Explore the North helpt mei om oeral in swingend karavaanprogramma te organisearjen.

Wêr & wannear
Befrijingsfestival Drachten, 4 & 5 maaie 2018
Oranjewoud Festival, 1 o/m 10 juny 2018
Oerol Skylge, 15 o/m 24 juny 2018
Tall Ships Harns, 3 o/m 6 augustus 2018
Admiraliteitsdagen Dokkum, 6 o/m 8 septimber 2018

Partners
Afûk en Explore the North