Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
DNALWD2018. Wat een prachtige verhalen heeft dit project, nu al!

It ferhaal fan Ljouwert? Dat wurdt ferteld troch al dy minsken dy’t harren spoaren yn de stêd achterlitten hawwe. DNALWD2018 sammelet dizze ferhalen. Elkenien dy’t wat mei Ljouwert hat, kin hjirfoar wat fan syn DNA jaan. Gjin echt DNA fansels, mar eat wat te krijen hat mei ús stêd of mei dysels. In persoanlik ferhaal, foarwerp, foto of minykeunstwurk. Alles kin, salang’t it mar yn ien buiske past.

Al dit kreative DNA foarmet ien keunstwurk. Tsientûzenen buiskes dy’t fertelle oer ús ferskillen, mar ek oer wat ús ferbynt: Ljouwert. Dit DNA-keunstwurk is no te sjen yn it Stedskantoar. Op www.dnalwd2018.nl wurdt dyn DNA digitaal bewarre. Sadat elkenien it altyd weromfine kin. Oant fier yn ‘e takomst. Sa bouwe wy mei-inoar oan in ferhaal fan ús allegearre.

It ynteraktive keunstwurk
It bysûndere DNA-keunstwurk is yn it Gemeentehûs yn Ljouwert te bewûnderjen. Tûzenen buiskes jouwe kleur oan it ferhaal fan ús allegearre. Efter elk DNA-buiske sit in ferhaal en fan febrewaris 2018 ôf binne al dy ferhalen op dnalwd2018.nl te finen. Dêr kinst ek dyn eigen DNA-buiske weromfine en sjen wêr’t dat yn it keunstwurk pleatst is. Sykje nei minsken mei deselde ynteresse kin ek, sa kinst bygelyks sykje nei elk dy’t wat mei Cambuur hat of elk dy’t Frysk praat. Yn it Gemeentehûs fynst ek in DNA-hoeke dêr’st yn alle rêst ferhalen lêze kinst en de DNA-buiskes dy’t dêrby hearre, bewûnderje kinst.

Meidwaan?
Helje in buiske by ien fan de DNA-ynformaasjepunten; yn it Gemeentehûs, Biblioteek Ljouwert, it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) of Medysk Sintrum Ljouwert (MCL). Do follest it buiske mei items dy’t foar dy wichtich binne. In ferhaal, in gedicht, in bernetekening, in foto fan dyn bertehûs. Alles kin, salang’t it mar yn ien buiske past. Fia de webside kinst sels audiobestannen, foto’s en fideo’s diele. Registrearje dyn buiske online mei it unike nûmer en de streekjeskoade dy’t derop stiet. Op dyn persoanlike webpagina fertelst wat oer dyn DNA en kinst antwurd jaan op inkele fragen. Lykas: hokker taal praatst, fan hokker klup bist in fan en wêr komst wei? It buiske leverest dêrnei yn by ien fan (deselde) ynleverpunten. Sa draachst by oan it folsleine ferhaal en oan it keunstwurk!

Nei 2018
Alle ferhalen wurde nei 2018 troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert  bewarre en opslein. Sa kinne dyn bern, bernsbern en bernsbernsbern en noch fier dêrnei dyn DNA weromfine. Minsken oer hûndert of twahûndert jier sjogge dan hokker ferhalen minsken hiene en wat der spile doe’t Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie.

DNALWD2018 is in idee fan Hein de Graaf, Joop Zwart en Marijke Tiemersma.

Wêr & wannear
Buiskes kinst ophelje en ynleverje by it Gemeentehûs, Bibliotheek Ljouwert, HCL en MCL. It keunstwurk is no te sjen yn it Gemeentehûs.

Iepeningstiden Gemeentehûs
moandei o/m freed, 08.30-17.00 oere
tongersdei, 08.30-19.30 oere

www.dnalwd2018.nl

Partners
Stichting Zeezicht, Historisch Centrum Leeuwarden, Stichting Kunstkade, Gemeente Leeuwarden, Provincie Fryslân, ROC de Friese Poort, ROC Friesland College, NHL Hogeschool, Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Van Hall-Larenstein, Nordwin College, LF2018, Stichting Kunstkade, Lân fan Taal, Buro 360, Het Nieuwe Stadsweeshuis, PyraSied, Mannen van Staal, Wellzo en Medisch Centrum Leeuwarden.

  • 1 Jannewaris 2018 31 Desimber 2018
    DNALWD2018 Keunstwurk Stedskantoar
    Stadskantoor, Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland