Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Doe’t Bretaal nei Meartalië kaam.

In healwize meartalige musical foar groep 8, mei elektryske GiTaal, dêr’t de misbegripen dy om de earen fleane en dêr’t al dy Meartaliaanske bern ek noch yn mei bepale meie hoe it begjint/ôfrint/gaos. Skreaun en komponearre troch Peter Sijbenga en fergees te downloaden/brûken troch alle skoallen, as kadootsje fan Lân fan taal!

Yn Meartalië hat elkenien de ôfrûne tiid ôfgryslik syn/har bêst dien om elkoar te begripen, en dat is neffens harren hiel goed slagge. Nochal logysk, want elkenien is no ommers/immers meartalich. Guon Meartaliërs prate Hollandstaal, oaren Digitaal, der sitte in pear betûfte Wartalers by en der is sels lêst ien yn de Nizzeria west, dy spruts Totaal, wylst hy bamy bestelde. En no elkenien elkoar tinkt te begripen, fynt elts elkoar úteinlik nijsgjirrich, jouwe se mekoar de hiele tiid gelyk, binne gelyk en hawwe gelyk. Mar dan komt Bretaal binnen en dy wit it allegearre better/beter/beisop.

>> Downloads <<


Dizze musical is ek geskikt foar ûnderbou fuortset ûnderwiis of jeugdtoniel. 
Tiid fan spieljen: 75 minuten. Oantal spilers: 10-35.

Oer Peter Sijbenga 
Multy-ynstrumintalist Peter Sijbenga (Ljouwert, 1964) skreau de musical en komponearre de muzyk. Nei in lanlike karriêre as sjonger/bassist fan punkband It Dockumer Lokaeltsje is Peter stadichoan útgroeid ta in faak frege komponist foar teäterproduksjes. Hy skreau û.o. de muzyk foar Tryater-produksjes ‘Ronja de roversdochter’, ’11stêdetocht’ en strjitte-opera ‘De IIsfoarstin’. Foar Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd sette hy foar it Noord Nederlands Orkest de Matthäus Passion oer nei it Frysk, skreau hy mei oan de muzyk fan de offisjele iepening fan LF2018 en… skreau hy foar Lân fan taal dizze orizjinele musical!