Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Edukaasje – Primêr ûnderwiis.

Wêrom bestiet taal? Wat kinst dermei? It ûnderwiisprogramma fan Lân fan taal draait om de needsaak fan taal. En, net te ferjitten: om de leafde foar taal! Op de basisskoalle ûntdekst wat dyn liif fertelt, brûkst de toffe praatplaat fan yllustratrise Charlotte Dematons en kinst oan ‘e slach mei in meartalige musical!

Dûns Taal Dûns
Foar groep 1 & 2 / fia Kunstmenu en Uurcultuur
Sjoch, myn hân giet omheech. Hy wiuwt. Is dat taal? Is in wiuwende hân, in pratende hân? Hoe learst eins taal? Begjinst mei in wurd of begjinst mei dyn liif? Learlingen ûntdekke wat harren liif seit en hoe’t taal wurket. Tegearre mei in dûnser. Kinst ek wat fertelle sûnder datst derby praatst? Dûnsje is ek: in ferhaal fertelle mei dyn lichem. En dat sille we besykje. Wy filosofearje, dûnsje en fantasearje oer taal en oer alle manieren dêr’tst wat op sizze kinst. Yn gearwurking mei Dance company 058.

Taal, dat binne wy
Groep 1 o/m 8 / fergees beskikber fia de Taal-Kit / yn ‘e klasse mei de lêskonsulint
Taal makket ús ta minske. De biblioteken fan Fryslân meitsje yn gearwurking mei de ferneamde yllustratrise Charlotte Dematons in prachtige praatplaat dêr’t âlden, pakes en beppes en bern net hindere troch ien of oare taalkennis mei ûndersykje kinne hokker ferskaat der oan taalmoetingen is.

Taalaventoeren yn Ljouwert
Groep 1 o/m 8 / mear ynformaasje op Kultuerfilter.nl fan septimber 2017 ôf
Yn Lân fan taal organisearje wy ferskillende taalaventoeren foar skoalklassen. Mei in Lân fan taal-paspoart binne der ferskate rûtes mooglik. Lykas Poëzy-parkoers (Tresoar/Tryater/Fries Museum), Boartersekspedysjes (Taletún/OBE), Tiidreizen (HCL/DNA/Taletún) en Bistetaal-safary (Natuurmuseum/OBE).

Fantasijpoëzy
Groep 3 & 4 / fia Kunstmenu (Leeuwarden) en Uurcultuur/Keunstwurk (rest van Fryslân)
De learlingen en de learkrêft nimme in wurd fan hûs mei. In wurd dêr’tst nijsgjirrich nei wurdst, in nuver wurd of in wurd fan eartiids. Op skoalle sille we de wurden ûntdekke. Is it wurd muzikaal? Hoe fielt it, rûkt it, hoe sjocht it derút? It ûntdekken dogge we mei help fan in wurdûndersiker. De wurdûndersiker komt mei in grutte rêchsek yn ‘e klasse. Hy ûndersiket de wurden mei spannende materialen. De wurden hingje wy op yn in wurdfjild: it begjin fan ús gedicht. De wurden bliuwe yn ‘e klasse hingjen sadat de learkrêften der fierder mei wurkje kinne. Yn gearwurking mei Tresoar.

Vertellus wa’tsto bist
Middei-fertelfoarstelling foar groep 3 o/m 8 / befoarderjen fan deskundigens op skoalle nei ôfrin fan de foarstelling / te boeken fia Kultuerfilter.nl
Vertellus fertelt ferhalen. Mei syn stim, mei muzyk, mei wurden, mei syn hiele wêzen. Spesjaal foar Lân fan taal makket Erik van Dort in magysk ferhaal oer hoe’t hy ferteller wurden is en wa’t hy op syn paad dêrhinne allegearre tsjinkaam. Oer fokus en by dysels bliuwe. Hy sil foar (hast) de hiele skoalle fertelle. En dêrnei? Dielt hy syn moaiste ûntdekkingen mei de masters en juffen. Sadat ek hja leare kinne om ferhalen te fertellen.

Taal – De Musical
Groep 7 & 8 / fan begjin 2018 ôf fergees te downloaden op lanfantaal.frl
Spesjaal foar de boppebou komt der Taal – De Musical. In (mear)talich feest om ein skoaljier ’17-’18 op te fieren. Ynklusyf lietsjes en in spannend ferhaal. Peter Sijbenga (û.o. berne-iepenloft en in soad (jeugd)foarstellingen fan Tryater) skriuwt en komponearret it gehiel. Fansels is dizze musical geskikt foar lytse en grutte groepen.

Swalkkasten
Yn de Taletún en yn it Talepaviljoen steane yn 2018 swalkkasten fol mei prachtige, klassike berneboeken. Dêr’t earder dyn âlders, pakes en beppes, juf, grappige omke en dyn stokâlde buorman mei syn wyt burd yn lêzen hawwe. En dêr’t hja ûnferjitlike oantinkens oan hawwe. De Stichting Geschiedenis Klassieke Kinderboeken hat de top of the bill oan ynternasjonale klassikers sammele. Yn meardere talen. Sjochst in ynteressant boek stean? Nim it mei en lês it thús, of yn ‘e tún. Do meist it boek hâlde of trochjaan.