Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Edukaasje – Pû en Fû.

Neist in fergese Taal-Kit binne der mear eveneminten en programma’s dy’t foar sawol it primêr as it fuortset ûnderwiis geskikt binne.


In noch net folsleine list fan alle aktiviteiten:

Taal-Kit
Mei de fergese Taal-Kit giest as learkrêft/dosint op skoalle nije taalpaden op. De Taal-Kit (ein oktober beskikber) is in trochgeande learline taalwille fol mei tagonklike wurkfoarmen dêr’t de taalwille fan ôf spat. De Taal-Kit befettet lesideeën, taalûndersykgegevens, taalspultsjes út de 21e iuw, temaprojekten en tips fan skriuwers en spoken word-artysten. Foar alle leeftiden.
Freegje de Taal-Kit no oan!

My Schools Network big event
Op My Schools Network leveret Lân fan taal in string of events oer taalwille. Mei in grut taalfeest by OBE op 11 april 2018. Der komme events foar primêr en fuortset ûnderwiis. Hâld myschoolsnetwork.com yn ‘e gaten.

Escher yn taal
Keunstner Maurits Escher boarte en ferbylde mei wiskundige prinsipes. Mar hoe kinne syn prachtige wurken dy ynspirearje ta taalwille? Dat kinst ûndersykje! Yn gearwurking mei it Fries Museum, foar Pû & Fû hiel 2018 beskikber fia de Taal-Kit.

Boartsje mei Taal
Studinten foarmjouwing DDRive iepenje it stúdzjejier ’17-’18 mei in yn ‘e kunde kommen mei Lân fan taal. Se sille de hiele dei oan ‘e slach mei taalwille en ûntwerpe dêrnei mei oan de Taal-Kit. Harren ûndersyksfraach: wat is dyn advys foar dosinten/learkrêften fan wa’t de learlingen lêst fan taal-stress ha? Yn gearwurking mei Mbû DDRive, beskikber fia de Taal-Kit.