Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Ekspedysje Amelân.

Nei it fertelfestival yn maaie stiet der noch mear op programma fan Ekspedysje Amelân! Yn ‘e simmer fan 2018 kinst alle brodzige woansdeitemiddeis yn ‘e musea fan it Amelân komme om te harkjen nei – meartalige – ferhalen. Seis ynternasjonale fertellers hawwe harren ynspirearje litten troch it deiboek út 1818 fan walfiskfarder Hidde Dirks Kat. Harkje, huverje en genietsje…

Salang’t it haadseizoen duorret, fersoargje de Amelanner Musea alle woansdeitemiddeis in optreden fan ynternasjonale fertellers. De musea lûke yn ‘e simmer in soad besikers. It grutste part fan de besikers komt út Nederlân en Dútslân. Hoe moai is it dan om in Amelânsk ferhaal sa te fertellen dat elk it ferstean kin! ‘Op Verhaal’ ferteller yn ieren en sinen Frank Belt hat dêrom foar de gearstalling fan dy optredens mei stipe fan de Europeeske organisaasje fan fertellers FEST de gearwurking socht mei it Dútske Netzwerk Erzählen (ferbûn mei de Akademie Remscheid en de Freie Universität Berlin) en it meartalige festival Feuerspuren (Bremen).

It programma:

  • Dútske fertelling Selma Scheele
    Woansdeitemiddei 18 july 2018, 14.00 – 16.00 oere, Museum Swartwoude Buren
  • Ingelske fertelling Shonaleigh Cumbers
    Woansdeitemiddei 25 july 2018, 14.00 – 16.00 oere, Natuurcentrum Nes
    Woansdeitejûn 25 july 2018, 20.00 – 22.00 oere, Vuurtoren Hollum
  • Dútske fertelling Maria Carmela Marinelli
    Woansdeitemiddei 1 augustus 2018, 14.00 – 16.00 oere, Museum Sorgdrager Hollum
  • Ingelske fertelling Shonaleigh Cumbers
    Woansdeitemiddei 8 augustus 2018, 14.00 – 16.00 oere; Maritiem Centrum Hollum
  • Nederlânske fertelling Raymond den Boester
    Woansdeitemiddei 15 augustus 2018, 14.00 – 16.00 oere, Natuurcentrum Nes
  • Dútske fertelling Julia Klein
    Woansdeitemiddei 22 augustus 2018, 14.00 – 16.00 oere, Museum Sorgdrager Hollum


Ynformaasje en kaartferkeap:

Ynformaasje: www.eilandvan.nl en www.amelandermusea.nl
Kaartferkeap: de Amelanner Musea (mei dyn yntreekaartsje foar it museum, kinst it fertelprogramma meimeitsje.)

Partners
Amelanner Musea en Stichting HDKat2018