Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Explore the North.

Explore the North is in stedsfestival dat de histoaryske binnenstêd fan Ljouwert as poadium brûkt. In winters wykein fol muzyk en ferhalen om dy oan te waarmjen. Do swalkest troch in spinneweb fan tsjerkjes en steechjes en fynst dêr muzyk, literatuer, byldzjende keunst en mear.

Op it festival (22-24 novimber) steane klassike musisy neist elektroanyske helden, jonge talintfolle skriuwers neist ynternasjonale teatermakkers. Noardlike keunstners yn in ynternasjonaal fermidden en ynternasjonale keunstners yn it Fryslân fan hjoed-de-dei. Sjoch hjirûnder foar de programmearring fan de 2018-edysje en de bysûndere aktiviteiten dy’t al foar it festival hâlden wurde!

Foar Lân fan taal programmearret Explore the North hiel 2018 ûnder oare de Taaltoers en de minifestivals om de projeksjepremjêres hinne.


Foto: Hans Jellema