Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
It Grut Frysk Diktee.

It Grut Frysk Diktee kent in lange, moaie tradysje. In soad bekende en ûnbekende Friezen weagje harren jierliks oan dizze ultime taaltoets. It Nationale Dictee ferdwynt, mar yn Fryslân dogge we der krekt in flinke skep boppe-op. Wy besykje sels in rekôr te heljen!

Yn 2018 meitsje nammentlik safolle mooglik minsken yn ‘e iepen loft it Frysk Diktee. Op it Aldehoustertsjerkhôf kin elkenien dy’t Frysk skriuwe kin (of Frysk doart te skriuwen) oanskowe. Wy stribje nei sa’n 1000 dielnimmers. In bekende Fries skriuwt in koarte, net al te drege tekst. Falt der ek wat te laitsjen? Wis en wrachtich, want it motto is: it diktee 2018 moat in feestje wêze!

Yn 2018 meitsje nammentlik safolle mooglik minsken yn ‘e iepen loft it Grut Frysk Diktee. Op it Aldehoustertsjerkhôf kin elkenien dy’t Frysk skriuwe kin (of Frysk doart te skriuwen) oanskowe. Wy stribje nei safolle mooglik dielnimmers. Dus wolsto lykas bekende Friezen Lutz Jacobi, Habtamu de Hoop, Wout Zijlstra en Jelle B ek meidwaan? Tsjek www.fryskdiktee.frl en jou dy op. Welmoed Sijtsma, bekend fan it NOS Jeugdjournaal skriuwt dit jier it diktee. Sy hâldt it koart en it wurdt net in te dreech diktee. Falt der ek wat te laitsjen? Wis en wrachtich, want it motto is: it diktee 2018 moat in feestje wêze!

Wêr
Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
en live op Omrop Fryslân telefyzje en webside

Wannear
*Ferset nei woansdei 27 juny!

Partners
Cedin, Afûk, Provinsje Fryslân, Fryske Akademy en Omrop Fryslân

  • 27 Juny 2018 Woansdei
    It Grut Frysk Diktee Aldehoustertsjerkhôf
    Oldehoofsterkerkhof 1, 8911 Leeuwarden, Nederland