Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Fryske Matthäus Passion.

Komponist en tekstskriuwer Peter Sijbenga hat fan it Noord Nederlands Orkest (NNO) de opdracht krigen om in Fryske fersy te meitsjen fan de Matthäus Passion, it ferneamde oratoarium fan Johannes Sebastian Bach. It Dútsk lit him poerbêst nei it linige Frysk oersette!

“Leeuwarden 2018 is een mooie gelegenheid om nog eens te laten horen dat het NNO een Friese voorouder heeft, namelijk het Frysk Orkest”, seit Marcel Mandos, artistyk lieder en programmeur fan it orkest. Dêrom de opdracht oan Sijbenga. Bach hat de Matthäus Passion om 1736 hinne komponearre. It oratoarium fertelt it ferhaal fan it lijen en stjerren fan Jezus, lykas syn freon en folger Matthäus optekene hat. Peter Sijbenga: “Ik sil oersette en net bewurkje of by de tiid bringe. Dat betsjut net dat ik Âld-Frysk brûke sil, mar wol dat ik foar it wurdbyld en de ynhâld sa ticht mooglik by de Urtext bliuw.” De Dútske tekst lit him goed yn it Frysk oersette. De linigens yn lûden yn it Frysk sit tichter by it Dútsk as by it Nederlânsk. Sijbenga: “It is ek noflik dat der grammatikaal-idiomatyske oerienkomsten tusken it Frysk en it Dútsk binne. Sa wurdt yn beide talen deselde wurdfolchoarder brûkt.”

De Fryske Matthäus Passion wurdt yn 2018 útfierd troch it Noord Nederlands Orkest en it Noord-Nederlands Concertkoor, oanfolle mei Fryske sjongers.

Wêr & wannear
22 maart, 19.30 oere, Stadsschouwburg De Harmonie, Leeuwarden
23 maart, 19.30 oere, St. Martinuskerk, Dokkum
24 maart, 19.30 oere, Grote Kerk, Harlingen
27 maart, 19.30 oere, Schouwburg De Lawei, Drachten
29 maart, 19.30 oere, De Oosterpoort, Groningen
30 maart, 19.30 oere, Theater Sneek, Sneek
Mear ynfo & kaartferkeap

  • 22 Maart 2018 Tongersdei 19:30
    Fryske Matthäus Passion
    Stadsschouwburg De Harmonie, Ruiterskwartier, Leeuwarden, Nederland
  • 23 Maart 2018 Freed 19:30
    Fryske Matthäus Passion
    Grote of Sint-Martinuskerk, Markt, Dokkum, Nederland
  • 24 Maart 2018 Sneon 19:30
    Fryske Matthäus Passion
    Grote Kerk, Kerkpad, Harlingen, Nederland
  • 27 Maart 2018 Tiisdei 19:30
    Fryske Matthäus Passion
    Schouwburg De Lawei, Drachten, Nederland
  • 29 Maart 2018 Tongersdei 19:30
    Fryske Matthäus Passion
    De Oosterpoort, Trompsingel, Groningen, Nederland
  • 30 Maart 2018 Freed 19:30
    Fryske Matthäus Passion
    Theater Sneek, Westersingel, Sneek, Nederland