Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Fryske MOOC.

Wolsto (better) Frysk leare? Dan kin dat leechdrompelich en ienfâldich mei in brede online kursus. De Fryske MOOC (Massive Open Online Course) is der foar elkenien. Wêr’tst op ‘e wrâld ek wennest. En oftst no Fries bist, toerist, ‘rootseeker’ of taalstudint!

Mooglik wolsto dyn behearsking fan it Frysk ferbetterje of wolsto dyn Fryske woartels better begripe. Mar it kin ek wêze datsto, immen dy’t niget oan taal hat, de oerienkomsten tusken it Frysk en it (âld-)Ingelsk ûndersykje wolst of datsto dy as polyglot safolle mooglik talen eigen meitsje wolst. Foar al dyjingen en bygelyks foar toeristen en ekspats yn Fryslân wurdt de Fryske MOOC ûntwikkele: in grutte, leechdrompelige en online kursus!

Op 14 april sil in grutte lansearring holden wurde foar de nije Fryske MOOC. It sil heve yn it Talepaviljoen fan de Afûk. In bekende Fries krijt it poadium om te fertellen wat it Frysk foar him of har persoanlik betsjut. Besikers kinne dêr de MOOC sels teste.

Wêr
Online op Frisianmooc.com

Wannear
2018

Partners
Fryske Akademy en Afûk

  • 14 April 2018 Saturday
    Lansearring Fryske Mooc MeM – Livingroom of Languages
    Groeneweg 1, 8911 EH Leeuwarden, Nederland