Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Game – US: Lân fan taal.

Mei in splinternije game ûntraffelest in iuwenâld mystearje! It is 1867. Cornelis over de Linden ûntdekt in manuskript yn runeskrift oer in 4000 jier âlde Fryske beskaving. Hy bringt syn fynst oan it ljocht en yn 1872 wurdt it útjûn ûnder de namme ‘Oera Linda’. Mar is it stik betrouber of hartstikke ferfalske? Slút dy oan by ien fan de trije geheime genoatstkippen en gean mei dyn smartphone as (taal)wapen op syk nei antwurden!

Yn dizze augmented reality, multyplayer game foar Android- en iOS-telefoans trochkrústo Ljouwert. It oarspronklike Oera Linda-ferhaal soe út 1256 datearje, it dokumint dat Cornelis fûn hat soe de safolste mei de hân skreaune kopy wêze. Koartlyn is der in nije fersy fûn, dy’t ‘echt’ liket te wêzen.

Trije geheime genoatskippen (Lyda, Finda en Frya) – dy’t allegearre yn de Oera Linda neamd wurde – binne in kampanje begûn om nije leden te winnen. Foaral ûnder middelbere skoaljeugd. Binne se op in konfrontaasje út? Jouwe se antwurd op de fraach oft de Fryske kultuer al iuwen bestiet? Wurd lid fan ien fan de trije genoatskippen, gean op missys, betink en plúzje riedsels út, feroverje (GPS-)lokaasjes en fertsjinje firtueel jild. Tip: it is ‘ferrekte’ handich ast de Fryske skiednis (‘kanon’) kenst!

Geskikt foar elkenien fan 12 jier en (folle) âlder.

Wêr
De game is digitaal beskikber en dêrtroch oeral te brûken, mar komt it bêste ta syn rjocht yn de binnenstêd fan Ljouwert

Wannear
De game is fergees foar iOS en Android del te laden fan 28 jannewaris 2018 ôf

Partners
Afûk en Grendel Games