Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Heldere taal.

Wat foar ynfloed hat ‘laaggeletterdheid’ op it libben fan immen? De teaterfoarstelling Heldere Taal, mei yn de haadrol minsken dy’t ‘laaggeletterd’ binne moat it bewust wurden fergrutsje.

De toanielfoarstelling ‘Heldere taal’ is ûntwikkele om ‘laaggeletterdheid’ besprekber te meitsjen en sjen te litten wat sa al dreech en aardich is oan taal. Under rezjy fan Onno Spreij en Marit de Weerd hawwe njoggen amateurspilers, wêrûnder meiwurkers fan Nivo Noord, oan dizze foarm fan community teater wurke. Taalûnderfinings en -ferhalen út de praktyk foarmje de basis foar it stik. It resultaat: tagonklik en sympatyk teater.

De foarstelling is in gearwurking fan dBieb, Bibliotheek Service Fryslân en Nivo Noord, en wurdt stipe troch Lân fan taal.