Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Histoarysk reisburo en -gids.

Wolst witte hoe’t taal en skrift dy ferbine kinne mei dyn Fryske foarâlden? Wa wiene dy foarâlden eins? Wêr wennen hja? Hoe libben hja? Mooglik fynst it lestich om sels antwurden op dizze fragen te finen. Op ynternet is in soad te finen, mar hoe en wêr moatst begjinne? In ‘histoarysk reisburo’ helpt dy op wei!

Der is goed nijs foar elkenien dy’t wol wat stipe brûke kin by de syktocht nei syn of har Fryske komôf. Fan jannewaris 2018 ôf kinst mei al dyn fragen by it histoarysk reisburo fan en yn Tresoar terjochte. Dêr steane meiwurkers en frijwilligers foar dy klear. Sy helpe dy oan dyn antwurd op de fraach oftsto (yndied) Fryske foarâlden hast en hoe’t harren libben der útseach. Ek jouwe se dy tips en trúks foar it noch djipper dollen yn it ferline. Sa kin it reisburo dy oan in lokale gids keppelje dy’t dy mear fertelle kin oer de wenkrite fan dyn foarâlden.

Online guide
Der komt ek in online fariant fan it reisburo: de Friesland Family Roots & Travel Guide. Mei dizze digitale gids sikesto dyn foarâlden, sjochst wêr’t se berne binne, hoe’t hja libben en wêr’t hja wennen. Fan al dy ynformaasje kinst sels online in boekje meitsje, spesjaal foar dy en dyn famylje. Aardich om te ha, en al hielendal ast fan plan bist om nei Fryslân ta te reizgjen om de fuotprinten fan dyn foarâlden te folgjen!

Wêr
Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
en online (mear ynfo folget)

Wannear
Fan 26 jannewaris 2018 ôf

Partners
Tresoar

  • 26 Jannewaris 2018 31 Desimber 2018
    Histoarysk reisburo en -gids
    Tresoar, Boterhoek, Leeuwarden, Nederland