Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Iepen programma.

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Yn 2017 kent de provinsje Fryslân sels in spesjale LFT-subsydzjeregeling. Ut de earste ronde binne al 7 grutte en 6 lytsere aktiviteiten fuortkommen dy’t op finansjele stipe rekkenje kinne. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

De regeling stiet in lêste kear iepen fan 4 oktober o.m. 1 novimber 2017. Mear ynformaasje hjiroer fynst hjir.

Grutte projekten

Printing, an artistic way of intercultural communication (printwurkkeunst) / jannewaris 2018
Troch: Fries Grafisch Museum en margedrukkerij De Hynsteblom
By dit útwikselingsprojekt meitsje alle dielnimmende printers in yndividueel, artistyk printwurk mei de technyk dy’t troch Gutenberg yn de 15de iuw útfûn is. De resultaten wurde moai bondele en eksposearre by Tresoar yn Ljouwert en yn Museum Joure. webside

CRASH (fideo-animaasje, ynstallaasje) / 15 april – 15 maaie 2018
Troch: Bram de Goeij
Yn dizze fideo-animaasje botse wurden yn ferskillende talen tsjininoar oan/ op inoar, se falle útinoar en foarmje nije wurden. Yn de Ljouwerter parkeargaraazje Aldehou wurdt de animaasje, mei bypassend lûd, ynstallearre as projeksje op muorre, flier en plafond. De animaasjesyklus duorret likernôch 10 minuten, mei elke 30 sekonden in ‘crash’ tusken wurden.

Marsman de Vries (ljochtynstallaasje) / 15 novimber – 31 desimber 2018
Troch: Stichting Yana
By dizze ljochtynstallaasje op it Saailân yn Ljouwert bepaalt de foarbygonger wat er te sjen kriget. Syn of har sylhûet toant de tekst as in skaad fan taal. Troch hinne en wer te bewegen of mei oare foarbygongers gear te wurkjen, komt it hiele gedicht foar it ljocht: in Fryske oersetting fan Marsmans ‘Herinneringen aan Holland’.

Dichter op de Deel (poëzy) / snein 10 septimber 2017
Troch: Keunstferiening Kunst achter Dijken
Elke twa jier fynt yn it Fryske doarp Eksmoarre it dichtersfestival ‘Dichter op de Deel’ plak, íén fan de meast suksesfolle poëzy-eveneminten yn Fryslân. De sechsde edysje stiet yn it teken fan ferskaat, ferbining en foardracht. Dêr wêr’t de Fryske taal in wichtige binende faktor is, manifestearret it ferskaat him yn de programmearring. Sa sil de Irakeeske Rodaan Al Galidi mei de 80-jierrige Aggie van der Meer út Boalsert op it poadium stean. En steane de (trijentweintich) 23-jierrige Obe Alkema en de jonge Belgyske Charlotte van de Broeck – eksponint fan in moderne foardrachtsstyl – njonken nestor en P.C. Hooft-laureaat Tonnus Oosterhof.

Bernefoarstelling ‘Bisteboel’ (teater) – fan septimber 2017 ôf
Troch: Stichting Muzikale Kinderproducties
In Frysk-Nederlânske bernefoarstelling fol mei learsume mominten en moaie lietsjes. Ynteraktive eleminten meitsje op fermaaklike wize diel út fan it ferhaal. Sintraal steane de aventoeren fan in koppich famke dat de wrâld ûntdekke wol. Fan hûs út is it famke Frysktalich, mar se fynt it Frysk mar primityf en achterhelle. Geandewei har reis ferskoot har oardiel en begjint se de taal en kultuer fan Fryslân hieltyd mear te wurdearjen. De foarstelling wurdt fan septimber 2017 ôf spile yn Teäter De Bres (Ljouwert), Teäter de Koornbeurs (Frjentsjer), fia Kunstkade op ferskillende basisskoallen yn Ljouwert, yn it OPUS 3 Centrum voor muziek (Dokkum), Kunst- en cultuurprogramma Sterrekijker (ferskillende skoallen, gemeente Frjentsjerteradiel) en by de Culturele Commissie De Pleats (Burgum). www.smkp.nl

De taal fan it hert (doarpsspektakel) / 3 kear yn oktober 2018
Troch: Pleatslik Belang Eensgezindheid
Yn ‘e hjerst fan 2018, tidens Tsjerkepaad, stiet Ter Idzard yn it teken fan in multydissiplinêr keunstprojekt oer frijheid en taal: De tael fan et hatte. Sintraal stiet in feest yn de histoaryske setting fan 1579. Wy fiere de thúskomst fan de Stellingwerfske pylgers dy’t weromkomme út Santiago de Compostella. Stellingwerf is dan in gaos, nei de ûndertekening fan de Unie van Utrecht troch Van Idzarda. Wat betsjutte de Vrije Friese Staten foar de Stellingwervers en harren taal? By de rûte yn Ter Idzard lâns binne ljochtobjekten en projeksjes mei meartalige teksten oer frijheid te ûntdekken en yn ‘e tsjerke is in eksposysje mei foto’s en ferhalen fan doarpsgenoaten oer frijheid en identiteit yn harren eigen taal: de taal fan it hert. Ek wurde Stellingwerfske en Baskyske lieten oer frijheidsstriid ynset. Dit projekt makket ek diel út fan it LF2018-projekt Under de Toer.

Mata Hari was here (community art) / no o.m. july 2018
Troch: Stichting Spoonk
Mata Hari is in ikoan foar aventoer, it eksoatyske, it oerstiigjen fan grinzen en it fieren fan it libben. Yn it projekt wurdt dit ikoan symboalysk brûkt om minsken út te nûgjen harren talinten nei foaren te bringen, it eksoatyske yn harren sels te ûntdekken en oaren dêrfan mei genietsje te litten. It is in teäterprojekt om útienrinnende kultueren op in net neidruklike, feestlike wize mei-inoar te ferbinen. Allinne yn Bilgaard al wenje 103 ferskillende kultueren en wurde der talleaze talen sprutsen – wêrûnder Liwwadders! Kommunikaasje spilet in wichtige rol, mar net inkeld ferbaal. Yn dit projekt kommunisearje wy ek troch mei-inoar te breidzjen, te dûnsjen, te iten, dingen oan inoar sjen te litten en nei inoar te harkjen. It projekt bestiet út trije dielen: it foartrajekt yn trije wiken (Bilgaard, Achter de Hoven en Oranjewijk) fan maart o.m. maaie 2017, dan de earste foarstelling Not the Mata Hari Show fan juny o.m. desimber 2017 yn Zalen Schaaf en ta beslút de twadde foarstelling Mata Hari in het bos yn it Ljouwerter bosk fan jannewaris o.m. july 2018. www.spoonk.com

Lytse projekten

Moarn gean ik dea (poëzy op muzyk) / 23 o.m. 30 april 2017 (hat al west)
Troch: Arnold de Boer
In middei fol mei Fryske muzyk en poëzy yn ‘e foarm fan in albumpresintaasje fan Moarn gean ik dea op 23 april yn ‘e Lutherse kerk yn Ljouwert. Yn gearwurking mei Meindert Talma, Tsead Bruinja, Peter Sijbenga. De werhelling wie op 30 april 2017 yn Amsterdam.

Fan fan Fryslân (poëzy) / desimber 2017
Troch: Henk Veenstra
Meartalige poëzy út en oer Fryslân op dizze webside

Wat foarôf gie (skilderkeunst) / reizgjend yn 2018
Troch: S. Iedema en L. Harms
Wat foarôf gie is in gearbringen fan keunstwurken yn ferskillende dissiplines: byldzjende keunst, proaza en fotografy. De tentoanstelling sil op reis troch Fryslân en is as multymediale presintaasje te sjen yn Tresoar, Ljouwert.

Poëzymiddei Balk (poëzy) / febrewaris 2018
Troch: Stichting Podium Gorter
Dichters drage yn Podium Gorter yn Balk yn ferskillende talen foar: Nederlânsk, Frysk en Hylpersk. Mei muzyk fan Johannes Seunnenga. Webside

Skrieve in ut Stadfries (sympoasium) / 6 oktober 2018
Troch: Taalburo Popkema
In sympoasium mei wurkwinkels dy’t rjochte binne op it skriuwen yn it Stadfries, mei ûnder oaren in wedstriid om de mearkes fan de bruorren Grimm oer te setten yn it Stadfries. De publikaasje fan de Sprokies fan Grimm in ut Stadfries ferskynt ein 2018.

Fabels met Kleurkrijt (poëzy op muzyk) / data moatte noch fêstlein wurde
Troch: Jankobus Seunnenga
Yn 2018 wurde ferskillende muzykoptredens fersoarge mei de 15 gedichten, dy’t foar dizze gelegenheid op muzyk set binne, út de bondel ‘Fabels met Kleurkrijt’ fan Simon Vestdijk.