Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
In feest foar dôven.

Gebeartetaal en de kommunikaasje tusken minsken dy’t hearre kinne en dôf binne, foarmje ûnmisbere ûnderdielen fan Lân fan taal. Sa wurdt yn it hoarekadiel fan it Talepaviljoen de betsjinning fersoarge troch minsken dy’t dôf binne of gehoarproblemen hawwe. Giet it bestellen fan in kopke kofje krekt sa ‘maklik’ as oars? Op WereldDovenDag is der ûnder oaren in multysintúchlike ûnderfining foar in dôf persoan én publyk dat goed hearre kin.

Hoor Friesland (de belange-organisaasje foar dôven en minsken dy’t hurdhearrend binne) hellet mei Frido (Friese Doven) op sneon 29 septimber 2018 WereldDovenDag (WDD) nei Ljouwert. Op dizze dei komme likernôch 1500 dôve minsken nei de Fryske haadstêd foar in fariearre en ynhâldlik programma. It doel: mear bekendheid foar dôvens, gebeartetaal en dôvekultuer.

Fiel it triljen fan de dûnsflier
Op de jûn fan WereldDovenDag fynt it kulturele festival Mute Sounds plak dêr’t alle sintugen prikele wurde. Do ûntdekst in wrâld wêryn’t de emoasje fan muzyk sintraal stiet. Muzyk is ommers folle mear as lûd. Fiel it triljen fan de dûnsflier, ûntdek ferskillende rook- en smaaktoanen en genietsje fan fisuele optredens, ljocht en fideo!

En de rest fan 2018
Ek bûten Lân fan taal is LF2018 in fantastysk feest foar en mei dôve minsken. Der wurde ferskate kulturele aktiviteiten organisearre lykas in bysûndere filmprogrammearring yn Slieker, keunst fan dôve keunstners yn it Fries Museum, muzyk fan Beethoven troch it Frysk Jeugdorkest en in bysûnder teäterstik yn Stedsskouboarch De Harmonie.

Wêr
Op ferskillende lokaasjes yn Ljouwert

Wannear
Dovenweek: moandei 24 septimber o/m sneon 29 septimber 2018
WereldDovenDag: sneon 29 septimber fan 10.00 oant 17.00 oere
Mute Sounds: sneon 29 septimber fan 20.30 oere ôf

Partners
Hoor Friesland, Fries Museum, Slieker Film, Neushoorn, 125Procent, Pento, BUOG, Afûk en Kentalis