Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Jongereinfoarstelling Karawane.

Jolifanto bambla ô fallo bambla. Grossiga m’pfa habla horem. Dit is gjin Spaansk of Afrikaansk. It binne de earste twa rigels út in 100 jier âld klankgedicht fan de dadaïst Hugo Ball. Ball en oare dada-dichters skreaune dit ‘lûd fan ûnlogika’ om de wrâld ris oars nei de dingen sjen te litten. Want wurden sûnder betsjutting kinne nammentlik wól in soad sizze.

Karel wol de saken graach helder ha en oersichtlik. Dan komt in bysûnder selskip op syn paad. ‘Kin ik hjir de jas útdwaan?’, freget Karel. Mar it trijetal jout dêr gjin antwurd op. Se neame him Babel en nimme him mei yn in wrâld dêr’t alles taal is. Wannear’t er hjir krekt oan begjint te wennen, giet ien fan de trije ynienen fuort. Komt se werom? Hoe kinne we har berikke as we har taal net kenne?

It publyk giet tegearre mei Babel it aventoer temjitte, want muzyk, dûns en poëzy fiere it heechste wurd!

Skoal-/jongereinfoarstelling fan Tryater foar bern fan 10 jier ôf.

Credits
Karawane wurdt makke troch Tamara Schoppert (konsept en regy), Karel Hermans (spul), Peter Sijbenga (muzyk), Laila el Bazi (dûns), Tatiana Matveeva (dûns), Miek Uittenhout (foarmjouwing)

Wêr
Yn Fryske teaters

Wannear
Fan 2 maart (premjêre) oant 26 april 2018

Kampanje byld: Jelle Post