Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Keunstynstallaasje Tim Etchells.

Foar it nije gebou fan Lân fan taal op it Âldehoustertsjerkhôf makket de Britske keunstner Tim Etchells nij, romtefoljend wurk. De yngrediïnten: neonletters, telefoans en poëtyske boadskippen!

Yn it keunstnerskip fan Tim Etchells stiet taal altiten sintraal. Hy befreget, faak grappich en poëtysk, de hjoeddeistige identiteit en ûndersiket hieltiten ús relaasje ta taal. Foar Lân fan taal makke hy trije ferbûne keunstwurken, dy’t it ferskaat fan taal fiere. ‘Hear/Höre/Hoor/Hear’ bestiet út 80 neonwurden yn it Frysk, Dútsk, Nederlânsk en Ingelsk, wêrby’t elk wurd ferwiist nei in oare tapassing fan minsklike spraak of minsklik lûd. ‘Alphabets’ is in lûdynstallaasje dy omtrint 50 talen mixt. It binne opnames fan sprekkers dy it alfabet resitearje, mei by alle letters foarbylden fan wurden dy’t dêrmei begjinne. ‘To Talk ToYou’ is in opname fan Etchells sels, dy’t hieltyd deselde sin werhellet, ôflevere as in rige tillefoanberjochten oan de besiker.

Etchells (1962) is in Britske keunstner en skriuwer. Syn autonome wurk wurdt ynternasjonaal útstald en omfiemet performance, fideo, fotografy, tekstprojekten, ynstallaasje en fiksje. Hy is dêrneist artistyk lieder fan de teatergroep Forced Entertainment (wrâldferneamd om harren eksperimintele foarstellings) en heechlearaar Performance & Writing oan de Lancaster University.

Lês hjir in grut ynterview mei Tim Etchells oer de eksposysje.

Wêr
Yn it nije gebou Obe op it Âldehoustertsjerkhôf

Iepeningstiden
jannewaris o/m 31 desimber 2018 op:
– snein o/m woansdei, 10.00-18.00 oere
– tongersdei o/m sneon, 10.00-21.00 oere

 

Foto: Sipco Feenstra