Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Libbensgrutte projeksjes Âldehou.

As statussymboal foar Ljouwert wie de Âldehou te skean en net genôch dien boud. Foar it Lân fan taal is de toer, dêr’t faak oer songen en skreaun is, no krekt in perfekt, dwers ikoan. Hy is boppedat de ideale eftergrûn foar fjouwer fideokeunstwurken, makke troch ferskate, ferrassende kombinaasjes fan (taal)keunstners!

Fan it iepeningswykein fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa ôf is yn 2018 alle 3 moannen in oar grut fideokeunstwurk te sjen, dat op de Âldehou projektearre wurdt. Elke projeksje wurdt troch in ‘trio’ makke, mei dêrby yn alle gefallen in taalkeunstner (lykas in dichter, rapper, skriuwer of spoken word performer) en in filmer/fideokeunstner.

Keunstners dy’t meidogge, binne:

  • Projeksje #1 (1 feb o/m 8 apr): dichter Tsead Bruinja, sjonger Herman van Veen en fideokeunstner Jules van Hulst
  • Projeksje #2 (12 apr o/m 22 july): filmmakker/muzykant René Duursma, skriuwer/dichter Rodaan Al Galidi en animator Antonia Rehnen
  • Projeksje #3 (26 july o/m 30 sep): sjongeres/dichter Nynke Laverman, komponist/slachwurker Sytze Pruiksma en fideokeunstner Douwe Dijkstra
  • Projeksje #4 (5 okt o/m 31 des): VANTA, it muzyk- en spoken-word-kollektyf fan Vernon Chatlein (komponist /perkusjonist), Amber Nijman (Afro-Caribische sjongeres) en Juan-Carlos Goilo (spoken word artyst/teätermakker), fideokeunstners fan WERC collective en noch in ferrassingsartyst.

 

Genietsje (mei in soad oaren) fan taal yn oerweldigjende, ferrassende foarmen en lûden. De projeksjes binne foar elkenien frij tagonklik!

Parseberjochten
15-01-2018 Libbensgrutte projeksjes

Wêr
Âldehoustertsjerkhôf, Ljouwert

Wannear
Premjêredata: freed 2 febrewaris, 13 april, 27 july en 5 oktober
Hieltiten te sjen op tongersdei, freed, sneon en snein:
– yn febrewaris om 20.00 oere
– yn maart om 21.00 oere
– yn april om 22.00 oere
– maaie o/m augustus om 22.45 oere
– yn septimber 21.30 oere
– yn oktober/novimber/desimber 20.00 oere

Op de folgjende data kin de projeksje net fertoand wurde om reden fan oare festiviteiten of feestdagen: 26, 27 en 28 april / 4, 5, 6, 10, 11, 12 en 13 maaie / 20 en 21 july / 9, 10, 11 en 12 augustus / 6 septimber


 

Projeksje 2: “Weagen / Waves / Wellen” – 12 apr o/m 22 july (draait no)
Filmmakker/muzykant René Duursma, skriuwer/dichter Rodaan Al Galidi en animator Antonia Rehnen

Dit fideokeunstwurk giet oer muzyk as wichtichste taal, muzyk as poarte nei bylden, geuren en oantinkens. Sintraal stiet de konfrontaasje fan de Fryske gedichten stim fan Tsjêbbe Hettinga mei de Arabyske gedichten en stim fan Rodaan al Galidi. Ek komme Nederlânske, Dútske en Ingelske stimmen yn weagen tegearre. Multy-ynstrumintalist René Duursma, sellist Sebastiaan Wiering (tegearre part fan de band Kinetophone) en sjongeres Élénie Wagner ha de gedichten op muzyk setten en ha de soundtrack live spile by de premjêre. Sawol de gedichten as de muzyk roppe oantinkens op. Om dit te fersterkjen binne bylden út it Fries Film Archief brûkt yn de animaasje fan Antonia Rehnen.

Facebook evenemint
Teksten


Foto: Marc de fotograaf


 

Projeksje 1: “Foarlopich lân / Voorlopig land” – 1 feb o/m 8 apr (ôfrûn)
Dichter Tsead Bruinja, sjonger Herman van Veen en fideokeunstner Jules van Hulst 

Tekst fideokeunstwurk #1 – ‘Foarlopich lân / Voorlopig land’
Bestel de bypassende bondel fan Tsead Bruinja

Teaser: