Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Liet XXL.

Al yn 1991 ûntstie Liet, in festival mei dêryn in Frysktalige, muzyktalintejacht. Yn 2002 gie Liet ynternasjonaal en joech bands yn alle Europeeske minderheidstalen út ûnder oare Laplân, Bretanje en Asturië in poadium. En yn 2018 giet Liet sels XXL!

Yn Neushoorn yn Ljouwert fersoargje in protte ynternasjonale dielnimmers optredens by Liet XXL. Allegearre sjonge se yn harren eigen minderheidstaal. Mar net allinne yn de talen sit fariaasje. It festival biedt ek in bûnt ferskaat fan muzykstilen! By it evenemint en dêromhinne kinne musisy mei-inoar yn ‘e kunde komme en muzyk meitsje. It festival is yn ferskate lannen live fia ynternet en fia de lokale media te folgjen.

Wêr
Neushoorn, Ljouwert

Wannear
23 maaie 2018

Tickets fia Neushoorn

www.liet-international.com

  • 23 May 2018 Wednesday
    Liet XXL Leeuwarden, Nederland