Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Liwwadders! Our present, past and future.

Yn Ljouwert wurdt njonken it Frysk en in soad oare talen ek it stedsdialekt Liwwadders praat. It is tagelyk de namme fan it driuwende paviljoen dat oan ‘e râne fan de Prinsetún yn ‘e stedsgrêft leit.

De subtitel Our past, present and future. What’s yours? jout oan wêr’t it yn it paviljoen om draait: de identiteit fan Ljouwert en de bewenners dêrfan. Yn it paviljoen komme ferhalen fan Liwwadders oer hjoed-de-dei, ferline en takomst byinoar. Meitsje kennis mei ús DNA, ús identiteit. Komst eefe sien?

Yn in eksposysje makkest in reis troch de tiid en learst de Liwwadders fan eartiids kennen. Bygelyks in terpbewenner út de earste iuw, boargemaster Adje Lamberts dy’t yn 1580 de Spanjerts út Ljouwert ferjage en fansels Saskia van Uylenburgh, de frou fan de wrâldferneamde skilder Rembrandt van Rijn! Hoe klonk harren taal? Wat hold harren dwaande?

Ek Liwwadders fan no fertelle oer harren ‘DNA’. Wat ferbynt harren mei de stêd? Wat ha hja yn it buiske treaun dat ferwurke is yn it DNA-keunstwurk fan keunstner Hein de Graaf en Joop Swart yn it Stedskantoar (ferwurke is)? Test dyn kennis oer Ljouwert, lear Liwwadders praten en harkje nei de moaiste Liwwadder ferskes. En einigje mei in boadskip foar de takomst, dy’tst efterlitst yn it paviljoen.

Yn it HCL: ferhalen en de moaiste stedsgesichten fan Ljouwert
By it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) de Grienewei folgest yn de fêste tentoanstelling it ‘Verhaal van Leeuwarden’ de ûntwikkeling fan terpdoarp ta moderne stêd. En yn ‘Leeuwarden. De mooiste stadsgezichten 1600 tot nu’ (25 jan. 2018 – 6 jan. 2019) sjochst in spesjale 2018-seleksje fan skilderijen, tekeningen en printen fan bekende en ûnbekende plakken yn ‘e stêd. In soad fan dizze ôfbyldingen komst yn ‘e binnenstêd op lokaasje wer tsjin. Hâld de HCL-agenda yn ‘e gaten foar alle aktiviteiten en foar it festival 250-jaar Liwwadders, dêr’t it stedsdialekt sintraal yn stiet.

Stedskuiers & Aldehou
Boek by it HCL dyn stedskuier mei in entûsjaste en betûfte Liwwadder stedsgids! It HCL organisearret histoaryske kuiers, en fan ein april oant en mei oktober op elke lêste tongersdei fan ‘e moanne in DNA-ekspedysje en elke lêste tiisdei fan ‘e moanne in Poëzy- en literatuerkuier fan it Paviljoen Liwwaders ôf. Mear ynformaasje oer it folsleine programma en oanmelde fynst hjir op harren webside.

Berne-aktiviteit Ûntdek Ljouwert (6-12 jier)
Yn Lân fan taal stiet in Explorer Wall foar bern. Gean op ‘en paad troch de stêd mei spesjale ekspedysjekaarten fan Historisch Centrum Leeuwarden. Do silst fersteld stean fan wat der allegearre yn de binnenstêd te ûntdekken falt! Doch de Buert Bingo, harkje nei de talen fan de stêd, ûntdek rare strjitnammen en meitsje in bio-flits yn ‘e Prinsentún. ‘Ûntdek Ljouwert’ wiist dy de wei en lit dy mei hiel oare eagen nei de haadstêd fan Fryslân sjen. Kom nei Paviljoen Liwwadders yn ‘e Taletún en helje foar 5 euro it ekspedysjepakket. Beskikber yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

HCL beheart ek it Pier Pander Museum, de Timpel yn ‘e Prinsetún én de grutste toeristyske trekpleister fan ‘e stêd: de Aldehou. Sjoch foar mear ynformaasje oer iepeningstiden en aktiviteiten: Pier Pander en Aldehou

Wêr
Driuwend Paviljoen Liwwadders (achter HCL yn Noorderstadsgracht fan de Prinsetún) en
Histoarysk Sintrum Ljouwert (Grienewei 1)

Iepeningstiden Paviljoen Liwwaders:
Freed 30 maart o.m. snein 28 oktober 2018
moandei o/m freed 11.00-17.00 oere
sneon-snein 13.00-17.00 oere
tagong fergees

Partners
Historisch Centrum Leeuwarden, DNALWD