Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Meeuw Jonge Schrijvers.

Meisto graach foar it poadium skriuwe? En stiest der dêrnei ek graach op om (mei oaren) dyn eigen poëzy, ferhaal of foarstelling oer it fuotljocht te bringen? Goed nijs: do kinst no les krije fan de bêsten!

Meeuw Jonge Schrijvers is in gloednij inisjatyf fan Meeuw Jonge Theatermakers yn gearwurking mei Lân fan taal, foar jongeren tusken de 12 en 18 jier. Do skriuwst ûnder begelieding fan profesjonele skriuwers. Op grûn fan it materiaal dat dit opleveret meitsje jim lytse en grutte teätrale performances, dy’t yn 2018 op ferskillende festivals fan Lân fan taal te sjen binne.

Nei de simmer fan 2017 sette de earste lessen útein. Dichteresse en performer Yentl van Stokkum (1991) jout les yn it skriuwen fan poëzy en byldteksten en de jonge senarist Wessel de Vries (1994) sil oan ‘e slach mei monologen en dialogen.

Wêr
By Meeuw Jonge Theatermakers, Oostersingel 70b, Ljouwert
Foar mear ynformaasje & (aanchecken) oanmelding, hâld de webside van Meeuw yn ‘e gaten

Wannear
Lessen fan septimber 2017 ôf, optredens ferspraat oer 2018

Partners
Meeuw Jonge Theatermakers en Explore the North