Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Mienskip-projekten: Byldzjende keunst.

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Hjirûnder folgje de projekten dy’t stipe binne fia de spesjale LFT-subsydzjeregeling en te krijen ha mei ‘byldzjende keunst’. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

Mooie Plaatsys – foto & ferhale-eksposysje
Troch: Baukje Venema & Gitte Brugman
1 juny 2017- 31 desimber 2018

2018 is it jier wêryn’t de gemeente It Bilt mei twa oare gemeenten fusearret ta in nije gemeente mei de namme De Waadhoeke. Mei it projekt Mooie Plaatsys bestudearje fotografe Baukje Venema en fotosjoernaliste Gitte Brugman de identiteit fan de Bilkert en de ferbûnens mei de streek. Hokker ferbûnens fielt de Bilkert mei It Bilt , de eigen taal en kultuer en it lânskip? De ferhalen fan de Bilkerts wurde fêstlein yn in boek mei beheinde oplaach: 513 in krekt te wêzen. It Bilt is yn 1505 ûntstien en ferdwynt yn 2018. It hat dus krekt 513 jier bestien. Yn it boek komme fyftjin portretten fan Bilkerts en fan persoanlik keazen lokaasjes yn it lânskip, oanfolle mei ynterviews. Bysûnder is dat Baukje Venema de foto’s mei in njoggentjinde-iuwske analoge kamera makket. Yn maaie 2018 is Mooie Plaatsys in ûnderdiel  fan de doarpsreüny yn Ouwe Syl en yn septimber fan de feestlikheden yn Westhoek Búttendyks. Dêr meitsje se portretten fan de besikers mei harren mobile studio.
www.mooieplaatsys.frl



LÛD
 – lûdskeunst eksposysje
Troch: St. Kunstkring Gaasterland
15 augustus oant en mei 15 oktober 2018

It âlde Rysterbosk mei syn baarjend lânskip en yn barokstyl oanleine ikeleanen is yn de neisimmer fan 2018 it dekôr foar de unike sound art-útstalling LÛD. Fyftjin byldzjende keunstners út binnen- en bûtenlân sille mei lûd in palet oan kleuren, dreamen en fiergesichten skilderje. Sy nimme dy mei op in reis troch it bosk, sa’t it nea mear klinke sil. Keunstkring Gaasterland wol mei dy útstalling in byld jaan fan it tige grutte ferskaat yn de lûdskeunst. Guon keunstners binne fanwegen it talige, ferhalende aspekt fan harren wurk útnûge. Oaren binne útnûge fanwegen antropologyske of sosjale aspekten, harren affiniteit mei de natuer of harren foarleafde foar mear eksperiminteel lûd. De eksposysje is fergees tagonklik.
www.lud.frl



Printkeunst

Troch: Fries Grafisch Museum en margedrukkerij De Hynsteblom
Museum Joure: 8 januari t/m 9 september 2018
Tresoar: 8 januari t/m 31 december 2018

By dit útwikselingsprojekt meitsje alle dielnimmende printers in yndividueel, artistyk printwurk mei de technyk dy’t troch Gutenberg yn de 15de iuw útfûn is. De resultaten wurde moai bondele en eksposearre by Tresoar yn Ljouwert en yn Museum Joure.
www.museumjoure.nl



CRASH
 – fideo animaasje, ynstallaasje
Troch: Bram de Goeij
15 april – 15 maaie 2018

Yn dizze fideo-animaasje botse wurden yn ferskillende talen tsjininoar oan/ op inoar, se falle útinoar en foarmje nije wurden. Yn de Ljouwerter parkeargaraazje Aldehou wurdt de animaasje, mei bypassend lûd, ynstallearre as projeksje op muorre, flier en plafond. De animaasjesyklus duorret likernôch 10 minuten, mei elke 30 sekonden in ‘crash’ tusken wurden.



Marsman de Vries
 – ljocht ynstallaasje
Troch: Stichting Yana
15 novimber – 31 desimber. 2018

By dizze ljochtynstallaasje op it Saailân yn Ljouwert bepaalt de foarbygonger wat er te sjen kriget. Syn of har sylhûet toant de tekst as in skaad fan taal. Troch hinne en wer te bewegen of mei oare foarbygongers gear te wurkjen, komt it hiele gedicht foar it ljocht: in Fryske oersetting fan Marsmans ‘Herinneringen aan Holland’.



Wat foarôf gie
– skilderkeunst
Troch: S. Iedema en L. Harms
reizgjend yn 2018

Wat foarôf gie is in gearbringen fan keunstwurken yn ferskillende dissiplines: byldzjende keunst, proaza en fotografy. De tentoanstelling sil op reis troch Fryslân en is as multymediale presintaasje te sjen yn Tresoar, Ljouwert.