Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Mienskip-projekten: Edukaasje.

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Hjirûnder folgje de projekten dy’t stipe binne fia de spesjale LFT-subsydzjeregeling en te krijen ha mei ‘byldzjende keunst’. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

Fier dyn Frije Taal – poëzy wurkwinkels
Troch Stichting Utjouwerij Frysk en Frij
septimber 2017

Op basisskoallen wurde poëzywurkwinkels organisearre mei it tema: wat is haadsaak? Wat fynsto it wichtichst? Bern wurde útnûge om yn harren eigen taal of dialekt in gedicht te skriuwen en foar te dragen. It doel is om it kleurrike taallânskip yn Fryslân sjen te litten. Elk kin him of har yn in gedicht útlibje. It makket net út oft dat no yn it Turks of Arabysk is, yn it Frysk, in Frysk dialekt of yn it Nederlânsk of Ingelsk.
www.frysk-en-frij.nl



Meartalichheid gebeartetaal
 – edukaasje
Troch Belle Dijkstra en Jildou Dooper
13 septimber oant en mei 6 desimber 2017

De bern dy’t nei de Master Amiko geane, wenje yn it asylsikerssintrum fan Snits. Dy learlingen komme út ferskate lannen en prate ferskate memmetalen. Inkelde bern hawwe yn harren thúslân nei skoalle west, mar in soad bern komme by de Master Amiko foar it earst yn ‘e kunde mei skoalle. Mei dit projekt fan Jildou Dooper en Belle Dijkstra krije learlingen, dosinten en oanbelangjenden in helpmiddel om de kommunikaasje makliker te meitsjen en oanlearen fan de Nederlânske taal te ferhastigjen. Dat helpmiddel is gebeartetaal as stipe fan sprutsen taal.
www.jinx-it.nl