Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Mienskip-projekten: Poëzy.

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Hjirûnder folgje de projekten dy’t stipe binne fia de spesjale LFT-subsydzjeregeling en te krijen ha mei ‘poëzy’. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

Dichters SW-Fryslân & Jankobus Seunnenga – poëzy
Troch: Stichting Podium Gorter
snein 4 maart 2018 / 16.00 oere

De poëzymiddei yn Balk liket in bûnte middei te wurden, presintearre troch Amieke de Rapper, mei bydragen fan in soad nammen út it dichtersfjild, yn it Nederlânsk, Frysk én Hylpers! Op it programma steane: Margreet Schouwenaar, Marten Visser, Anske Smit, Ytsje Hettinga, Dien L. De Boer, Thys Wadman, Jelle de Boer en Wiebe Dooper. Ek ‘poëet en drûchkloat’ Jankobus Seunnenga lit fan him hearre. De Fryske oerpunker kenne wy fan Kobus gaat naar Appelscha en Pigmeat, mar hat solo ek al in tal prachtige cd’s makke, wêrfan’t de nijste ‘Voor het land’ is, ynspirearre op Vestdijk. Oanfang 16.00 oere, tagongspriis € 5,-.
www.podiumgorter.nl



Dichter op de Deel
– poëzy)

Troch: Keunstferiening Kunst achter Dijken
snein 10 septimber 2017

Elke twa jier fynt yn it Fryske doarp Eksmoarre it dichtersfestival ‘Dichter op de Deel’ plak, íén fan de meast suksesfolle poëzy-eveneminten yn Fryslân. De sechsde edysje stiet yn it teken fan ferskaat, ferbining en foardracht. Dêr wêr’t de Fryske taal in wichtige binende faktor is, manifestearret it ferskaat him yn de programmearring. Sa sil de Irakeeske Rodaan Al Galidi mei de 80-jierrige Aggie van der Meer út Boalsert op it poadium stean. En steane de (trijentweintich) 23-jierrige Obe Alkema en de jonge Belgyske Charlotte van de Broeck – eksponint fan in moderne foardrachtsstyl – njonken nestor en P.C. Hooft-laureaat Tonnus Oosterhof.



Fabels met Kleurkrijt
 – poëzy op muzyk
Troch: Jankobus Seunnenga
snein 28 jannewaris: cd-presintaasje

Fan Lowlands oant Paradiso: Jankobus hat der stien. Hy stiet bekend om syn oandiel yn de punkband Kobus gaat naar Appescha en it Fryske folkduo Pigmeat. Fan ’t jier fine wy de oerpunker yn de Fryske húskeamers. Hy smyt it oer in oare boech en fertolket de dichtbondel Fabels met Kleurkrijt fan Simon Vestdijk op cd en draacht dy yn tige yntime setting foar. Fabels met Kleurkrijt (1938) bestiet út fyftjin gedichten mei tema’s út de natuer. Jankobus wurket tegearre mei Simon Vestdijk’s soan Dick oan de cd. De cd wurdt yn ‘e wike fan de poëzy en it iepeningswykein fan LF2018 presintearre yn de Kleasterkapel yn Sibrandahûs. De toer giet dêrnei lâns alderlei lokaasjes, biblioteken en kafees. Lês mear …



Moarn gean ik dea
 – poëzy op muzyk
Troch: Arnold de Boer
23 o.m. 30 april 2017 (hat al west)

In middei fol mei Fryske muzyk en poëzy yn ‘e foarm fan in albumpresintaasje fan Moarn gean ik dea op 23 april yn ‘e Lutherse kerk yn Ljouwert. Yn gearwurking mei Meindert Talma, Tsead Bruinja, Peter Sijbenga. De werhelling wie op 30 april 2017 yn Amsterdam.



Fryslân … kleare poëzy
– poëzy
Troch: Henk Veenstra
desimber 2017

Meartalige poëzy út en oer Fryslân op dizze webside