Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Mienskip-projekten: Taalaventoer.

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Hjirûnder folgje de projekten dy’t stipe binne fia de spesjale LFT-subsydzjeregeling en te krijen ha mei ‘taalaventoer’. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

Taalsafari Ljouwert – Histoaryske taalswalktocht
Troch Girbe Buist
sneon 14 april, 12 maaie, 9 juny, 14 july, 11 augustus, 8 septimber en 13 oktober 2018

Yn de perioade april oant en mei oktober wurdt alle twadde sneonen fan de moanne de Taalsafari Ljouwert oanbean. Dêrby kuieret  de gids en histoarikus Girbe Buist mei dielnimmers by 20 monuminten en plakken yn Ljouwert del, dy’t oan Fryske en typysk Ljouwerter útdrukkings te keppeljen binne. Fan de útdrukkings likegoed as de monuminten wurde op smoute wize de eftergrûnferhalen ferteld. Nei ôfrin fan de kuier wurdt ûnder it geniet fan in kopke kofje yn Café de Prins in koarte kwis spile oer hoe wier oft de Ljouwerter geloksprekwurden binne. Dielnimmers oan de Taalsafari krije de brosjuere mei de globale rûte en de eftergrûnferhalen nei ôfrin mei. De tocht begjint om 14.00 oere by it VVV Ljouwert (Sophialaan 4) en duorret oardel oere. De kosten binne 7,50 euro (ynklusyf kofje, kwis en boekje). Opjefte en ynformaasje by it VVV Ljouwert (058-2347550).



Skrieve in ut Stadfries
(sympoasium)
Troch: Taalburo Popkema
6 oktober 2018
In sympoasium mei wurkwinkels dy’t rjochte binne op it skriuwen yn it Stadfries, mei ûnder oaren in wedstriid om de mearkes fan de bruorren Grimm oer te setten yn it Stadfries. De publikaasje fan de Sprokies fan Grimm in ut Stadfries ferskynt ein 2018.



Underweis mei sterke punten
– Fryske jankfodden
Troch: Jankfoddekoar Tûzen Triennen
nov 2017 – april 2018

Frouljuskoar ‘Jankfoddekoar Tûzen Triennen’ út Britsum besjongt mei in soad humor en selsspot, yn selsskreaune Fryske nûmers, dé ûnderwerpen dy’t der foar froulju ta dogge. Mei bekende wyskes en in ynteraktive presintaasje steane sy garant foar ferrassende optredens en witte sy de seal altyd te boeien. Yn 2017 bestiet it koar tweintich jier en dat fiere se mei de spesjale jubileumtoer neamd ‘Sterke Punten’. De toer set op 4 novimber 2017 yn Skalsum útein en einiget op 21 april yn Britsum. Besjoch de folsleine spyllist op: www.tuzentriennen.nl