Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Mienskip-projekten: Teäter.

Binnen Lân fan taal is der fansels ek plak foar mienskip-projekten! Hjirûnder folgje de projekten dy’t stipe binne fia de spesjale LFT-subsydzjeregeling en te krijen ha mei ‘teäter’. It binne allegearre op it publyk rjochte kulturele aktiviteiten mei spesjaal omtinken foar meartalichheid.

De profylfoto fan Klaas – Muzikale teäterproduksje
Troch: Stichting Talant
Op het Greidhoek’ festival o.v.b. 21/22/23 sept 2018

De profylfoto fan Klaas is in muzikale teäterproduksje oer it belang fan in beaken yn ús libben. De foarstelling is ûnderdiel fan it projekt Under de Toer en komt ta stân mei in bysûndere gearwurking fan professionals, frijwilligers, de kliïnten fan Talant en in Sweedsk koar dat út minsken mei en sûnder in lichaamlike en/of geastlike beheining. It ferhaal giet oer Klaas, in âld-ynwenner fan Wommels en âld-bankier dy’t boer yn Sweden wurden is en dêr mei frou en bern wennet. Hy hat in soad fan de wrâld sjoen, mar op syn profylfoto fan WhatsApp bylket nocht altyd de tsjerketoer fan Wommels, mei de Fryske flagge yn top! Mei de lokale muzyk-, sjong- en toanielferienings wurdt de rol fan de tsjerketoer as beaken yn it libben beskreaun en besongen. Wat betsjut de toer foar dy? Lees meer …



Literêre kuier ‘De Wuttelhaven del’
 – Literaire wandeling
Troch: Sigrid Kingma
Foarriedige data: 7, 15, 21 en 22 septimber 2018
Eventuele ekstra foarstellings: 28 en 29 septimber 2018

De literêre stêdskuier De Wuttelhaven del is fundearre op de oarlochsroman fan Gysbert Japixcpriiswinner Steven H.P. de Jong. It ferhaal yn it boek tsjinnet as reade tried foar gedichten en lytse toanielstikjes op de rûte yn de talen Frysk, Liwwadders, Nederlânsk en Dútsk. De kuier rint troch de moaiste stikjes Ljouwert, mar lit tagelyk in tsjustere kant sjen. Op de rûte steane spilers dy’t de tema’s ferwurkje en sa it ferhaal fertelle. De rûte begjint Achter de Hoven dêr’t famylje Van Haelen wenne dy’t alle sneinen de rûte nei tsjerke rûn. Oer de Maria Louisastrjitte, Emmakade, Keningsstrjitte lâns it kastiel fan Kening David yn de Slotmakkersstrjitte. De rûte rint dwerstroch de Grutte Tsjerke hinne dy’t in kaairol spilet yn it ferhaal. De kuier einiget op de ‘kastieltún’ mei in spektakulêr einstik.
www.sigridkingma.wordpress.com



Bernefoarstelling ‘Bisteboel’
(teater)
Troch: Stichting Muzikale Kinderproducties
fan septimber 2017 ôf

In Frysk-Nederlânske bernefoarstelling fol mei learsume mominten en moaie lietsjes. Ynteraktive eleminten meitsje op fermaaklike wize diel út fan it ferhaal. Sintraal steane de aventoeren fan in koppich famke dat de wrâld ûntdekke wol. Fan hûs út is it famke Frysktalich, mar se fynt it Frysk mar primityf en achterhelle. Geandewei har reis ferskoot har oardiel en begjint se de taal en kultuer fan Fryslân hieltyd mear te wurdearjen. De foarstelling wurdt fan septimber 2017 ôf spile yn Teäter De Bres (Ljouwert), Teäter de Koornbeurs (Frjentsjer), fia Kunstkade op ferskillende basisskoallen yn Ljouwert, yn it OPUS 3 Centrum voor muziek (Dokkum), Kunst- en cultuurprogramma Sterrekijker (ferskillende skoallen, gemeente Frjentsjerteradiel) en by de Culturele Commissie De Pleats (Burgum). www.smkp.nl



De taal fan it hert
(doarpsspektakel)
Troch: Pleatslik Belang Eensgezindheid
3 kear yn oktober 2018

Yn ‘e hjerst fan 2018, tidens Tsjerkepaad, stiet Ter Idzard yn it teken fan in multydissiplinêr keunstprojekt oer frijheid en taal: De tael fan et hatte. Sintraal stiet in feest yn de histoaryske setting fan 1579. Wy fiere de thúskomst fan de Stellingwerfske pylgers dy’t weromkomme út Santiago de Compostella. Stellingwerf is dan in gaos, nei de ûndertekening fan de Unie van Utrecht troch Van Idzarda. Wat betsjutte de Vrije Friese Staten foar de Stellingwervers en harren taal? By de rûte yn Ter Idzard lâns binne ljochtobjekten en projeksjes mei meartalige teksten oer frijheid te ûntdekken en yn ‘e tsjerke is in eksposysje mei foto’s en ferhalen fan doarpsgenoaten oer frijheid en identiteit yn harren eigen taal: de taal fan it hert. Ek wurde Stellingwerfske en Baskyske lieten oer frijheidsstriid ynset. Dit projekt makket ek diel út fan it LF2018-projekt Under de Toer.



Mata Hari was here
(community art)
Troch: Stichting Spoonk
no o.m. july 2018

Mata Hari is in ikoan foar aventoer, it eksoatyske, it oerstiigjen fan grinzen en it fieren fan it libben. Yn it projekt wurdt dit ikoan symboalysk brûkt om minsken út te nûgjen harren talinten nei foaren te bringen, it eksoatyske yn harren sels te ûntdekken en oaren dêrfan mei genietsje te litten. It is in teäterprojekt om útienrinnende kultueren op in net neidruklike, feestlike wize mei-inoar te ferbinen. Allinne yn Bilgaard al wenje 103 ferskillende kultueren en wurde der talleaze talen sprutsen – wêrûnder Liwwadders! Kommunikaasje spilet in wichtige rol, mar net inkeld ferbaal. Yn dit projekt kommunisearje wy ek troch mei-inoar te breidzjen, te dûnsjen, te iten, dingen oan inoar sjen te litten en nei inoar te harkjen. It projekt bestiet út trije dielen: it foartrajekt yn trije wiken (Bilgaard, Achter de Hoven en Oranjewijk) fan maart o.m. maaie 2017, dan de earste foarstelling Not the Mata Hari Show fan juny o.m. desimber 2017 yn Zalen Schaaf en ta beslút de twadde foarstelling Mata Hari in het bos yn it Ljouwerter bosk fan jannewaris o.m. july 2018. www.spoonk.com