Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Minyfestivals.

Do witst al dat de Aldehou yn 2018 in spektakulêr projeksjeskerm wurdt? Dat mei fierd wurde! Dêrom organisearje Lân fan taal en Explore the Norh trije minyfestivals yn it hert fan Ljouwert. Mei de projeksjes as tankber ekskús en as ynspiraasjeboarne.

Tidens de minyfestivals steane taal en meartalichheid (yn alle mooglike foarmen) sintraal. Wy mikse lokale, nasjonale en ynternasjonale makkers en programma-ûnderdielen. Elk festival is unyk. Mei in eigen tema, eigen foarm en eigen lokaasjes. Passend by de projeksje dy’t op dat momint te sjen is op de Aldehou en oanheakjend by de premjêre dêrfan. Hâld dizze webside yn ‘e gaten foar mear ynformaasje!

Wêr
Binnenstêd Ljouwert, krekte lokaasjes wurde meidertiid bekend makke

Wannear
De minyfestivals fine yn 2018 plak op:
freed 2 o.m. snein 4 febrewaris
freed 13 o.m. snein 15 april
freed 5 o.m. snein 7 oktober

Partners
Explore the North, Neushoorn, Yiddish Waves, Wintertuin, Tresoar, De Optimist, Poetry International e.o.

 

  • 2 Febrewaris 2018 5 Febrewaris 2018
    Minyfestivals
    Oldehoofsterkerkhof, Leeuwarden, Nederland