Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Noordelijk Film Festival.

De re-iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018 giet begjin novimber los mei de 39ste edysje fan it Noordelijk Film Festival. Fansels kinst wer genietsje fan ûnder oare geweldige spylfilms, ynteressante dokumintêres en lokaal talint. Op it festival stiet fan ’t jier ek taal yn ‘e skynwerpers.

Op it Noordelijk Film Festival binne mear as 150 ferskate films te sjen mei de klam op in breed Noard-Europa. Dat betsjut dat de rykdom oan ‘lytse’ Europeeske talen ûndergien wurde kin, want der binne films út bygelyks Yslân, Noarwegen, Sweden, Finlân, de Baltyske Steaten, Denemarken, Ierlân en sels ien fan de Faeröer eilannen. In soad films binne boppedat Ingelsk ûndertitele en sa ek tagonklik foar in grut ynternasjonaal  publyk!

Dêrneist steane der in pear moaie aktiviteiten op it programma, dy’t yn gearwurking mei Lân fan taal ta stân kommen binne.

Tip: op it NFF kinst op woansdei 7 novimber alle Lân fan taal-projeksjes op ‘e Aldehou efterinoar besjen!

Noordelijk Film Festival
Datum: 5 t/m 11 novimber
Lokaasjes (allegearre yn Ljouwert): Stadsschouwburg De Harmonie, Slieker Film, Neushoorn
Sjoch ek noordelijkfilmfestival.nl