Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Other Words – Oare Wurden.

Dat is spannend: as skriuwer yn in lytse of minderheidstaal acht wiken ‘útstjoerd’ te wurden nei in oar lyts taalgebiet yn Europa, dêr’tst wurkest, blogs skriuwst en optredens dochst! Dat bart sûnt 2016 by it literêre útwikselingsprojekt Other Words – Oare Wurden. Untdek yn 2017 en 2018 ynternasjonale skriuwers ‘yn it wyld’ yn Ljouwert.

De fiif dielnimmende stêden of regio’s binne San Sebastián (Baskelân), Dublin (Ierlân), Bitola (Masedoanië), Maribor (Slovenië) en Ljouwert (Fryslân). Elk jier reizgje der twa Fryske skriuwers nei it bûtenlân en komme der twa gastskriuwers nei Ljouwert. Ién ding ha se mei-inoar mien: in hertstochtlike winsk om hárren taal oer it fuotljocht te bringen. Se skriuwe, trede op en lizze kontakten mei kollega-skriuwers en keunstners yn it gastlân. En dat leveret bysûndere moetingen op. Harren ûnderfiningen ferwurkje hja yn ferhalen foar de webside fan Other Words.

Yn ‘e hjerst fan 2017 is de Aromaanske singer-songwriter Zarko Naumovski yn Ljouwert en komt der ek noch in Baskyske skriuwer nei de stêd. De Biltske skriuwer Hein Jaap Hilarides reizget yn dy perioade nei Slovenië. Fan april oant juny 2018 is der in Sloveenske skriuwer yn Ljouwert en sil der in Fryske skriuwer nei Ierlân.

Wannear
no o/m 2018

Wêr
Lokaasjes fan de optredens wurde letter bekend makke. Online kinst (no al) skriuwers folgje dy’t aktyf binne yn Baskelân, Ierlân, Slovenië en yn de Republyk Masedoanje.

Partners
Tresoar (Ljouwert, Fryslân), Donostia Kultura (San Sebastian, Baskelân), Foras na Gaeilge (Ierlân), Association for Contemporary Art X-OP (Maribor, Slovenië) en Youth Forum (Bitola, Masedoanië)