Lân
fan
taal

Sykje as elkenien nei alles mei trefwurd 
Poetry Circle 058.

Poetry Circle is in lanlik platfoarm foar skriuwende performers en performende skriuwers. Sûnt 2016 is der ek yn Ljouwert in Circle, mei poppodium Neushoorn as útfalsbasis. Dat is ek it plak dêr’t op sneon 7 july de jierlikse, lanlike Poetry Circle manifestaasje is. Dêr kinst dy as besiker te’n goede dwaan oan performances en foarstellings fan mar leafst fyftich (jonge én betûfte) skriuwers en performers út alle hoeken fan it lân. Sa breed as de wurdkeunst is, sa breed is it programma.

Kom yn de iere jûn om te harkjen nei de jongste dichtsjende generaasje dy’t performences bringe sil op de gekste plakken yn it gebou. Slút de jûn ôf mei in besite oan in muzikale sprutsen wurd foarstelling, Babs’ Woordsalon, dêr’t muzikanten, skriuwers, singer-songwriters en oare taalkeunstners mei-inoar it skreaune, sprutsen en songen wurd yn fiere sille. Yn de Woordsalon sjochst/hearst ûnder oaren SMIB, Josephine Zwaan, Tsead Bruinja en Dorothy Blokland.

Sneon 7 july, fan 19.30 oere ôf (doarren iepen: 19.00 oere)
Lokaasje: Neushoorn, Ljouwert
Yntree fergees
Folgje it Facebookevenemint foar updates oer de line-up

Oer Poetry Circle
Poetry Circle makket performances en foarstellings foar teäters, festivals, húskeamers, beamhutten en oare plakken. De ferskate Circles binne yn NOWHERE (Amsterdam), WORM (Rotterdam), De NWE Vorst & Tilt (Tilburg), Dynamo (Eindhoven) en Neushoorn (Leeuwarden) ûnderbrocht. De Poetry Circle Manifestaasje yn Neushoorn is de seisde edysje fan it reizgjende wurdkeunstefestival. It wurdt mei mooglik makke troch Explore the North, Lân fan taal en Fonds voor de Cultuurparticipatie.

Sjoch hoe’t it yn 2017 wie:

Link nei websiden: 
www.poetrycircle.nl
www.neushoorn.nl

Wannear
Útfierings yn hiel 2018 en lanlike manifestaasje op 7 july 2018

Partners
Poetry Circle/Stichting Nowhere Amsterdam, Jimmy’s Ljouwert, Poetry Slam Ljouwert, Ljouwerter Kollektyf en Neushoorn